Weppers goeiefreed

Seleksjes sneon 26-3
24 maart 2016
Út- en ferslaggen sneon 26-3
24 maart 2016

SDS-klean te keap!
Moarn is der wer in mooglikheid om SDS-klean te keapjen yn de kantine. Douwe-Dirk Reitsma stiet fan 9.00 – 10.30 oere klear om jo te helpen. Fan SDS-truien oan ’t -trainingspakken en noch folle mear! Der is fan alles op foarried.

Skiedsrjochters
De kommunikaasje oer de skiedsrjochters gjit altyd oer de app. No is myn app tydlik ut de loft, dus eltsenien dyt wat diele wol kin dat fia Auke Eringa dwaan of gewoan alderwertsk sms’e of skilje! It is fanof tiisdei al sa, dus as jo wat appt ha kin ik der net op reagere.
Tjerk

Kompliment
Fannemoarn (tongersdeitemoarn) kryg ik in apke fan Aldehaske; sille wy sneon tsjin elkoar oefenje?
No, in pear oerkes letter, hat it wedstryd sekretariaat de wedstryd ynplant en hat de skeidsrjochterskommisje al in skeidsrjochterskommisje in skeids regele. WAT IN KLUB!!!
Namens de leiders en spilers fan B1,
Dank jimme wol.


Begrutsjen
Wij hawwe wer begrutsjen mei Vr1. Harren wedstriid fan sneon giet net troch. Warga hat te min spylsters.


Ien minút stil
Y.f.m. it overlijden fan Johan Cruijff hat de KNVB besletten dat by alle wedstriden fan earste alvetallen moarn ien minút stilte wêze sil.

Dropaksje


Oer goed in wike is der wer de jierlikse dropaksje fan SDS. De dropkes binne oankommen en Rinske Joustra fan de jeugdkommisje krige help fan fjouwer entûsjaste bern.

Programma
It programma fan sneon sjocht er
sa út

VoetbalNederland
Ek VoetbalNederland hat wer in oersicht makke fan de twa klups dy’t elkoar sneon treffe. It is al fan in pear wiken âld omdat it in útstelde wedstriid is. Sjoch
hjir

Efkes Balje
Jûn wer in edysje fan it Efkes Baljen. Wat nocht hat kin gewoan efkes lâns komme om 19.30 oere.

Harsens derby (1692)
Juster stoar de beste fuotballer dy ’t Nederlân ea hân hat. Wat koe hy fuotballe; Johan Cruijff.