Weppers freed 9-5

SDS League: "Algemeen Fons" kampioen!
8 mei 2014
Seleksjes 10-5
8 mei 2014

Keeperstrainen
It keeperstrainen giet jûn net troch krije wij troch fan Marco R.

Efkes Balje
Men is de winter en it foarjier goed trochkommen mei it Efkes Baljen yn Easterein, mar it wurdt no tiid om de simmeredysje yn te gean en dy is altiten op it sportfjild yn Wommels. It plak is dus oars, de tiid net. 19.30 oere.

Goeie allegearre 
Oankommende sneon ha we een streekderby, namelijk froulju sds 1 tsjin tsjom froulju 1
Dizze spannende striid begjint om tsien foar twaen.
Dit wurdt wer een tige heftige striid want it hat hun min smakke dat ze se twa x op rij fan ús ferlern hawwe.
supporters binne wolkom om ús oan te moedigjen.
Sjoch foar de spylsters bij de seleksje. 
groetnis Pieter

Skiedsrjochterdiploma
Mark Klijnsma, Kees vd Horst, Luuk vd Schaar, Hans Bootsma, Frank Bervoets en Arnout Meijer slaggen foar harren KNVB pupillen skiedsrjochter diploma!

Nei de earste jûn yn Easterein op 22 april, barde dit justerjûn by sv Mulier ûnder lieding fan Hessel Steegstra. Mear yn de nije Treffer. (FA)

Kampioen?
SDS E3 kin sneon as earste SDS-team kampioen wurde yn de foarjierskompetysje. Sy spylje om 10.00 thús tsjin nûmer 2 SWZ E8. Alle heiten, beppes, omkes, memmen, tantes, buorlju, pakes en eltsenien oars is wolkom!

Net ien kear mar twa kear
Wij krije twa GNT’s troch fan ien team. SDS A1 is wer de pineut. Op 10-5 giet SJO RVC A2 – SDS A1 net troch. En de wike dêrop giet SDS A1 – SJO RVC A2 ek net troch.

Rjochter rychje
SDS 1 makket wat de einstân oangiet wat in teloarstellend seizoen troch. It lofter rychje sit der net mear yn. Mar miskien kinne se noch boppeoan yn de rjochterrychje einigje. Dan sille se winne moatte fan Berlikum en dan moat TOP fan Mulier winne. Dat moat mooglik wêze soene wij sa tinke. Dan kin Gerrit Poortinga letter op de middei mar sjonge fan “We are the Champions fan it rjochter rychje”.

Harsens derby(1269)
Wat moatte je as je skore en der net ien foar je klapt op de tribune? Sels dwaan fansels!

Letter mear!