Weppers freed 9-10

Seleksjes sneon 10-10
8 oktober 2015
SDS League: Gert-Jan pakt wykpriis!
9 oktober 2015

Giet net troch
SDS vr.2 hat moarn op ‘e nij te min spylsters. Dat betsjut dat sy net fuotbalje kinne. Om ’t it in struktureel probleem betreft is der besletten om Vr. 2 út de kompetysje te heljen. De froulju bliuwe wol trainen en hooplik is de groep nei de winterstop wer grut genôch om de kompetysje yn.

Gean ek net troch…….
Ek SDS 4 giet moarn net troch. Der binne net genôch Ljouwerter Sweltsjes.
SDS B2 is ek ôflast om ’t sy te min spilers hawwe.

Efkes Balje
Jûn wer twa kear striid: ien kear foar klokslach 20.30 en ien kear der nei. It begjint allegear om 19.30.

Skylge
Foar alle fuotballers (en foar lieders) fan SDS is it fansels leuk om in kear op Skylge te fuotbaljen. Sneon mei SDS C2 om 13.45 op Midslân fuotbalje.

Programmaboekje
It programmaboekje foar de wedstryd SDS 1 – WPB 1 is moarn net allinnich yn it Frysk, mar ek spesjaal foar ús Sneker freonen in “ut Snekers”.

Wedstriidsponsers
De wedstriid sponsers foar de wedstriid SDS 1 – WPB 1 binne
Bouwbedrijf Kooistra
te Kûbaard enWommels en

te Skearnegoutum.

SDS league

De stân fan saken fan wike 3 kinne jim hjir sjen.

Standen
De standen fan alle SDS teams kinne jim hjir besjen.

Flagge

No net tinke dat de flagge healstok hinget bij de FIFA. Nee just net, hij stiet fier yn de top…..

Harsens deby (1605)
Toet, toet Touzani!!