Weppers freed 8-5-2020

Weppers tiisdei 5-5-2020
5 mei 2020
Weppers moandei 11-5-2020
11 mei 2020

Nije Corona-maatregels

Wy sille sjen as wy mei de nij Corona-maatregels de senioaren fan SDS nije wike ek wer los kinne. Sjoch hjir foar de nije maatregels.

Jelmer skeat aardich rekke dit seizoen


Wij meitsje  offisjeel bekend dat Jelmer Posthumus de topskoarder wurden is fan 2019-2020. Hij skoarde der 15 foar SDS 3 en 13 foar SDS 4 en dat makket 28 totaal.
Femke Terpstra makke der bij SDS VR1 23 en sij wie de ienige dy’t wat yn de buert fan Jelmer komme koe. De folsleine list is hjir te sjen.

Doelpuntenmakkers troch de jierren hinne

Wij hawwe efkes in oantal jierren weromsjoen wat de topskoarder oan giet. Dat Jelmer topskoarder wurde is, is opmerklik want de lêste 5 jier wiene de froulju hear en master(es)

SDS 1 1990-1991


Ek it seizoen 1990- 1991 hawwe wij yn byld mei help fan kranteknipsels en oare ynformaasje dy’t Wichard Deinum bewarre hat. SDS 1 spilet yn de FVB en se wolle sa graach  omheech. Slagget dat wol yn dat seizoen? Sjoch hjir

Net op de tennisbaan!

Mocht der efter de sporthal traind wurde en der bedarret in bal op de tennisbaan, dan net mei fuotbalskuon op de tennisbaan komme. Hjirtroch wurdt de tenisbaan skanseare.