Weppers freed 8-2

Weppers tongersdei 7-2
7 februari 2008
Seleksjes sneon 9-2
8 februari 2008

Klaas leit de lêste hân

Us fotograaf `ter plekke` Minne Bonnema, seach dat Klaas Overal freedtemiddei de lêste hân lei op it pleatsen fan de reklameboerden. It sjocht er prachtich út.

Futsal: SDS 1 ûnderút
Net folle minsken hawwe der wat fan meikrigen, mar SDS 1 hat woansdeitejûn sealfuotballe. SDS ferlear mei 1-0 fan De Herauten. Oer de wedstryd falt net folle te fertellen behalve dat de keeper fan De Herauten de man fan de wedstryd wie.

Jierdei
Sommige SDS-ers wurde wol âlder mar wolle dêr gjin drokte fan ha. Se hawwe gjin sin oan in feessie en presintsjes. En dochs wolle wij
ús lokwinsken oerbringe mei syn favorite muzyk.

Klaverjasse
i141187099_37468
It kin sneon wer in moaie dei wurde foar klaverjassers. Want om 15.30 oere is de striid om it kampioenskip fan SDS yn de kantine. De aktiviteitenkommisje organisearret it en sij rekkenje op in protte dielname. Der binne fleisprizen en der giet ien mei in wikselbeker nei hûs.

Blessurelist
De list mei ôfwêzigen bij de seleksje fan SDS is dit jier regelmjittich grut. Hiel grut. Dat is hiel ferfelend. Ut in net neijer te beneamen bron hawwe wij fernommen dat SDS alles op alles sette wol om dúdlikheid te krijen oer in oantal twifeleftige gefallen. In ûnderkovermantsje wurdt dêrbij net útsletten. Dus blessearden, let op bij wa’t jim
yn de auto stappe. In fyts is op dit momint wol sa feilich.

Alves tekent bij Bouke de Boer
Dat Alves in royale hân fan tekenjen hat is wol dúdlik. Yn Middelbrough, yn Alkmaar,
yn Nijlân en no ek al bij Bouke de Boer.
Woansdeitejûn kaam hij yn de kantine mei it keihurde bewiis. De Braziliaanske flagge mei de hântekening fan Alves. Bouke tinkt net dat hij der in saak fan makket. It winterskilderjen is hast dien.

Noch in kear Derksen
De tige slagge jûn foar sponsers en freonen mei Derksen hat in soad positive reaksjes oplevere. Wa’t der net wie kin noch efkes
neigeniete. Want dit komt ús wol aardich bekind foar. En wij freze at Rene van der Gijp in kear lâns komme soe, dat wij in protte it selde heare.

Ferstân fan fuotbal
It die woansdei al gau bliken dat Johan Derksen ferstân fan fuotbal hat. Hy sei dat it nea wat wurde sil mei it Nederlâns alvetal as sy Van Basten Van der Vaart op rjochtsbûten setten bliuwt. Van der Vaart moat op nûmer 10 fuotbalje neffens derksen lykas by HSV. Wat die bliken woansdeitejûn. It Nederlâns alvetal wûn mei 3-0 by Kroatië en wa stie op 10?………Ynderdaad.

SDS League
Jim kinne wer meidwaan oan de twadde helte fan de SDS League. Sjoch hjir foar de nije list. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 16 febrewaris om 19.00!
Mail jim nije teams nei SDSLeague@vv-sds.nl.

Kwis
Der stiet wer in drege kwis op de VI-side(klik hjir).