Weppers freed 8-11

SDS League: "Gjin Idee"!
7 november 2013
Seleksjes sneon 9-11
7 november 2013

Jaap de Blaauw stoppet nei dit seizoen by SDS
Nei 4 jier gean Jaap de Blaauw, trainer SDS 1, en SDS út elkoar. Beide partijen fine dat der in nije trainer foar de groep komme moat mei yngong fan it nije seizoen 2014-2015. Fan dy 4 jier hat Jaap ûs 3 jier yn de 2e klas hâlden en dit jier draaie wy goed mei yn de 3e klas.Wy hoopje dat wy dit seizoen Jaap noch in waardich ôfskied jaan kinne yn de foarm fan in……. 
It bestjoer.

Efkes Balje
It is wer sa fier. Freed: de dei fan de fisk bij de woartels, de dei dat ek kantoarminsken de strik thús litte meie en de spikerbroek en slobbertrou oan dwaan kinne (casual friday), de dei fan de fette hap tusken de middei en freedtemiddeibuorrel en de dei fan Efkes Balje. Om 19.30 yn Easterein.

Programma
Jim kin it programma fan moarn
hjir en hjir sjen. It is mar krekt wat jim wolle.

Programma (2)
Wat opfalt oan it programma fan sneon is de útwedstriid fan SDS Vr1. Sij moatte de grins oer. In oer de grins wedstriid yn de polder tsjin Emmeloord. De polder dêr kin SDS hast net ferlieze…….

Programma (3)
G.N.T dat binne de letters dy’t je hast koppelje kinne oan SDS A1. Foar de safolste kear  dit jier …..

Programma (4)
En SDS 3 kin wer in G.N.T bijskriuwe. Woudsend 2 hat te min spilers.
De wedstryd is lyk al wer op ‘e nij ynpland. Hy sil no spile wurde op sneon 14 desimber. As it fjild en de seleksjes dit talitte.

Seleksjes
Wij binne der wis fan dat der justerjûn wer aardich puzzele is om 2 A’s en 5 senioren alvetallen sneon op it fjild te krijen. Yn de rin fan de moarn hope wij dat it der op stiet.

Harsens derby(1152)
No de no-look kopbal.