SDS League: "Gjin Idee"!

Weppers tongersdei 7-11
6 november 2013
Weppers freed 8-11
7 november 2013

It is dizze wike Jelle Wiersma dy ’t mei “Gjin Idee” de wykpriis pakt. Mei 42 punten bliuwt hy Lolke Hofstra mei “Rockin’ in a free world” mer leafst 6 punten foar.


Jelle hat der lyk blommen foar Jannette foar helle

Louis van Gaal hie hielendal gelyk doe ’t hy sei dat it je as sporter helpt as je frou krekt befallen is. Dit levert Dirk de Jong dizze wike mar leafst 33 punten op en dêrmei in kreas twadde plakje.

Fan fuotbaljen komt it net folle, mar it presteren yn de SDS League giet dêrmei des te better. “De Lange Loekers” fan Jurjen Eringa steane dan ek noch altiten fier boppe-oan.

Ralph stiet mei “Don’t Wari” wer op syn fertroude lêste plak en hat konkurrinsje krigen fan syn swager “Id’s my life”(Ids de Boer) dy ’t mar 2 punten mear as him hat.


Sjoch hjir foar de aldernijste stân:
wike 7.