Weppers freed 7-9

Doch ek mei oan de SDS League!
6 september 2012
Seleksjes 8-9
6 september 2012

B’s
De B’s moatte moarn thus, 12.15 balje, oanwezig om 11.30.
Degene die’t “net foutbalje” wurde fersocht om as “supporter” te komme.


Op de foto
D1, C1 en de B1 wolle we graach op de foto sette.
Bauke de Boer en ik wolle dit graach moarn dwean.
Gr
DDR

SDS 4
It fuotbalseizoen foar de senioren giet wer los. Fansels hoopten wij allegear op in seizoen mei minder ôflaste wedstriden. It begjin is al wer net goed. SDS 4 giet net troch. Dat is 1…….

A1
De A’s wurde moarn om kertier foar ien oere bij “de brandwear” ferwachte om nei Harns te gean foar de wedstriid tsjin Harlingen/Robur. Mooglik dat se de politike striid dêr tagelyk efkes blusse kinne.

Oefenje

SDS 2 en SDS 3 hawwe justerjûn in nuttich potsje oefene. De 2-0 foarsprong fan SDS 2 koe gjin stân hâlde. Wat langer de wedstriid duorre wat better at SDS 3 waard. Doelpuntenmakkers fan SDS 2 wiene Eddy en Anne.
 Doelpuntenmakkers fan SDS 3 wiene Jan en Willem.

Kombek

Douwe Dirk Reitsma makke justerjûn syn kombek nei in lange tiid fan ûngemak. Hij fluite SDS 2 en SDS 3. Hij die it neffens ús prima ek al sil de strafskopferoarsaker (Hendrik) it dêr net mei iens wêze en de strafskopkrijer (Hendrik) wol.

Programma
It programma fan moarn dat kinne jim
hjir sjen.

Efkes Balje
Foardat de wedstriden op sneon begjinne is der fansels op freedtejûn Efkes Balje. Om 19.30 oere. Wolkom leafhawwers.

Seleksjes
De seleksjes fan sneon sille hjoed yn de rin fan de dei op dizze side stean.

Stoppe
Bij Vr2 al wer in oantal wizigingen. Wij krije troch dat Susan Altenburg, Anna Marijke Posthuma en Sjanouk Veenje harren ôfmeld hawwe.

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Fanôf juster kinne jim jim ek wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar nije wike sneon 15 septimber 18.30. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.

Harsens derby(831)
It is mooglik dat Jaap de Blaauw sneon in ferrassende spits yn it “swart-wyt” fan SDS 1 debutere lit: