Weppers freed 7-5

Seleksjes 8-5
7 mei 2010
Utslaggen 8-5
7 mei 2010

SDS 4 giet net troch
SDS 4 moast moarn fuotbalje tsjin De Wâlde 3. Dizze wedstryd giet net troch om ’t De Wâlde te min fuotballers hat………. Dit hawwe wy dit seizoen faker heard…….

DJJello yn de kantine
Moarn moat it drok wurde op de Skoalleseize. Foar de measte seniorenteams is it de leste thúswedstriid fan it seizoen. Boppedat kin it earste alvetal wol wat stipe brûke om hânhavening yn ‘e 2e klasse te
realisearen. Mar ek de oare teams fan SDS meie natuerlyk oanmoedige wurde.
Fanôf 16.30 oere is der ek noch muzyk mei meiwurking fan djjello. We rekkenje op jimme komst!
De aktiviteitenkommisje

Reserve 1e Klasse
It is moarn spannend yn de kompetysje fan SDS 2. Staphorst 2 en Harkemase Boys 2 hawwe likefolle punten en spylje moarn harren lêste wedstryd. Op de webside fan Harkemase Boys fûnen wy noch in aardige foto makke troch Henk Bootsma. Wat is dy Anne dochs fotosjenyk.

Speech
Mocht SDS 1 moarn winne fan Bant dan bliuwe sy yn de 2e Klasse en hoefe sy ek net mear om degradaasje te fuotbaljen. Der sil dan wol wûn wurde moatte! Steve Mc Laren liet snein foar de wedstryd fan FC Twente tsjin NAC de spilers in prachtige speech sjen fan Al Pacino. Wy binne benijd wat Dick út syn hege hoed tovert:

Geloksdei
Juster wie it dúdlik Tom syn geloksdei. Hy helle justermiddei fuotbalplaatsjes en doe ’t hy it pakje iepen makke wist hy 100% seker dat Ajax de beker winnen gie:

“YES!!!”

Harsens derby (210)
Tottenham Hotspur is wis fan syn 4e plak en dat moast manager Harry Redknap(of is it Wetknap?) witte: