Weppers freed 5-10

SDS League: Balletje Balletje pakt de wykpriis!
4 oktober 2012
Utslaggen sneon 6-10
5 oktober 2012

Net Efkes Balje
De trainingsfjilden binne te wiet om Efkes te Baljen. It skoaren wurdt yn Easterein dus neat @Johan @ Pieturrr @OaneBauke en alle oaren stjerren.

Oflast
It fuotbal yn Nijlân giet moarn net troch. Dat betsjut dat E2 en B1 fan SDS ôflast is, want sij moasten beide nei Aaipopsity ta.

Seal 1
De mannen fan de seal hawwe woansdeitejûn mei 4-4 gelyk spile tsjin Haskerland 4. By de Jousters die noch in âld-SDS’er mei. Tamme Posthumus fuotballe earder yn Grins op it fjild, mar wennet no yn de Jouwer en fuotballet dêr yn de seal.

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen. Sjoen de waarsomstannichheden, bliuwt it altiten de fraach at it folsleine programma ôfwurke wurde kin. Sjoch foar dat jim sneon nei it fjild gean earst efkes op de side of folch @ff_sds op twitter foar de snelste ynformaasje.

Seleksjes
De seleksjes steane ek al op de side. Wij binne benijd at al dat geslow ek resultearret yn fuotbaljen moarn.

SDS stypje
As je lid binne fan de Rabobank dan kinne je hjir je gegevens ynfulle en dan stipet de Rabobank SDS foar 5 euries. Dat is moai meinaam. Gau dwaan dus!

Efkes Balje
Der wurdt lykas alle freden wer Efkes Balle. Om 19.30 oere yn Easterein. It fjild moat it wol talitte dus sjoch op tiid noch efkes op de side oer wol/net trochgean.

Greidefûgels
Juster gie it op Omrop Fryslân radio oer de greidefûgels. Dit nei oanlieding fan berekkening dat de ynset om skriezen hjir te behâlden per skries 2000 euro kostet. Oan it wurd kamen bekende fûgeltsjeminsken fan it earste oere lykas de SDS-ers Marco Hoekstra (BFVW) en Jelle de Boer (Skrok en Skrins). Fansels fûnen de beide mannen it gjin weismiten jild.
Wij soene der wol in gemene fraach oankeppelje wolle.
Stel dat se 400.000 euro ta harren beskikking hawwe om út te jaan en dat se kieze meie tusken in tredde fjild foar SDS of it behâld fan 200 skriezen?
Wy witte it antwurd wol…………….

Op de foto

Hâld der rekken mei dat der moarn ek wer teams op de foto set wurde kinne. Dus de krullen der yn en de skieding yn de midden. Dizze teams binne oan de beurt:

9:00 64926 SDS E4 – direct na de wedstrijd
9:00 72985 SDS E5 – Direct na de wedstrijd
9:30 51653
10:10 69386 SDS F1 – compleet dan nieuwe teamfoto
10:10 73793 SDS F2 – 1/2 uur voor de wedstrijd
11:15 53404 SDS D3 – 1 uur voor de wedstrijd
11:30 65196 SDS E3 – 1/2 uur voor de wedstrijd
12:30 22612
12:30 29279 SDS VR1 – 1 uur voor de wedstrijd

Tsjoch
Tsjoch is in goed Frysk wurd foar proast. Tsjoch is ek de namme fan in Frysktalich festival, wa’t sneon yn Wommels holden wurdt. Mar leafst 5 podia en 70 artisten trede op yn en bij it Dielshûs. Oan de widze fan de frysktalige muzyk yn festivalfoarm stiet Enno Bruinsma. Hij organisearre yn 1977 en 1978 yn de Tsjerne de foarrinner fan Tsjoch. Wij binne benijd at Bruinsma moarn kiest foar it SDS programma of foar
dit programma.

Harsens derby(856)
Mocht der moarn in B-junior wêzedy’t saskoord dan mei dy middeis neist Jaap de Blaauw op de bank by SDS1 sitte:


Letter fêst noch mear sa as de tiid dat de A’s yn de boks wêze moatte (tinke wij)