SDS League: Balletje Balletje pakt de wykpriis!

Seleksjes 6-10
4 oktober 2012
Weppers freed 5-10
5 oktober 2012

Nei foarige wike al de kopposysje pakt te hawwen yn de SDS League pakt “Balletje, balletje” fan Grietzen Broersma no ek “efkes” de wykpriis. En dat mei mar leafst 78 punten. Fansels hat hy in goeie foarhoede mei Bony(VIT), Altidore(AZ) en Mertens(PSV), mar syn troef wie dizze wike foaral syn middenfjild. By ADO-Heracles makken sawol Holla(ADO) as Overtoom(HER) 2 goals. Lit Grietzen dy no krekt beide yn syn team hawwe.

De koprinner pakt de wykpriis!

De “Beem-Boys” sakje dizze wike fan it 7e nei it 14e plak. Dit hindert Sjoerd neat, want hy stiet mar leafst 40 punten foar op “Torpedo Toering”. Jaap kin mar fêst sparje foar it kratsje bier.

“FC Grasmat” fan Erwin de Boer nimt de reade lantearn wer oer fan Pieter Kamstra.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 3.