
Bekerwedstriid SDS 1 – Balk 1 eindigt yn 1-1
1 september 2026Sneon 5-9-2026
4 september 2026SDS 1 bekert
Foar SDS 1 is der sneon in bekerwedstriid tsjin WPB 1.
SDS 1 hat 4 punten, WPB 1 hat 3, Balk 1 hat 4 punten en DWP is puntleas.
Der binne wer hiel wat senarios mooglik foar SDS 1 om de folgjende ronde te heljen.
Winne dat is in earste eask mar mei hoefolle?
SDS1 – WPB 1 om 14.30 oere
Seleksje:
44 Mark
2 Wiebren
3 Remco
4 Gerwin
5 Niels
6 Robin
7 Matthijs (c)
8 Pieter
9 Ate
10 Gerbrand
11 Daniel
12 Wiebe
13 Wytze
14 Pieter B (1e helte SDS 2)
15 Jelmer
SDS 2 bekert ek
Foar SDS 2 is in bekerwedstriid in moaie oefenwedstriid tinke wij. SDS 2 mei sneon om 14.30 oere thús bekerje tsjin Leeuwarder Zwaluwen 3.
Seleksje:
1. Ewout
2. Arnout (k)
3. Auke
4. Gjelt
5. Jelte-Pieter
6. Jildert
7. Jurjen
8. Redmer
9. Sietse
10. Tjitse
11. Wessel W
12. Jorrit (k)
13. Kees
14. Sjirk
15. Pieter B
Oanwêzich: 13.30
Wedstriid: 14.30
Koach: Kerst
Flagger: Jan
Alderearste ‘fúsjeklup’
Yn de Ljouwerter Krante fan ôfrûne sneon stie in stik oer fúsjeklups yn Fryslân. Ien fan de konlúsjes fan it stik wie dat Wommels it grutste plak fan Fryslân is sûnder amateurfuotbalklup. Wy binne it hjir net mei iens. Yn ús eagen is SDS júst de alderearste ‘fúsjeklup’ fan Fryslân mei sawol Eastereiners as Wommelsers en alles wat der om hinne leit.

Triatlon
Yn Wommels is sneon de triatlon mei in rekôr oantal dielnimmers, wêrûnder meardere (âld) SDS fuotballers.
Wij tinke dat û.o. Tsjipke Klaas Okkema, Dirk Yde Sjaarda, Eeltsje Bootsma, Tom Wijnia en Stan Korbach harren weagje sille yn it wetter, op de reesfyts en op draafskuon.
Let dus sneontemiddei op al dy reesfytsers dy’t fanút Easterein nei Wommels fleanen komme.
100 jier
Wij krigen noch in tip fan Jan Hiemstra. Hij jout dat der in SDS-er fan earder 100 wurden is.
Wij sochten der in foto bij wêr’t Hendrik van der Valk op stiet
Koops
Tiisdei wiene der ek wat Balk supporters yn Easterein. Ien fan harren joech oan dat hij ek in SDS ferline hat.
Syn namme wie Koops en hij wenne doe yn Kûbaard, letter yn Wytmarsum en hat ien jier yn SDS 2 fuotballe.
Hij tocht sels yn 1966 sa ûngefear.
Wij fûnen mar ien foto fan SDS 2 út dy tiid en helaas stiet hij dêr net op.
De nije SDS-League
Wy hawwe de nije ynskriuwformulieren foar de nije SDS-League klear. Jim kinne se hjir op de webside fine. Graach ynfulle foar nije wike freed 11 septimber 20.00 oere.
It earste team hawwe wy al binnen. Okke van der Kamp wie earlijk de earste.

Harsens derby (2411)
It moaiste fan bekerfuotbal is miskien wol it lotsjen.
Draw for the Romanian Cup
— Troll Football (@TrollFootball) September 2, 2026




