Weppers freed 4-12

Weppers tongersdei 3-12
2 december 2009
Seleksjes sneon 5-12
3 december 2009

Seleksjes
SDS 1 oant en mei 5 moatte sneon wer los. Letter hjoed de seleksjes. De besetting fan de alvetallen is prima. SDS 5 hat sels 17 man op de list stean. Wa’t net fit of op tiid is, hat mooglik in probleem want der meie mar 5 wikselsje (wij binne hjir net bij Zeerobben).

Kryst- en nijjierstoernoaien
Rûn Kryst en âld en nij binne wer de jierlikse ûnderlinge SDS-toernoaien. Hjir de data:
B-C            19 dec. van 9.00 – 13.00 uur.
DA-1 en 2   28 dec. van 18.30 – 22.30 uur.
F-E-D         
2 jan.   van  9.00-17.00 uur 
A en SEN     23 jan.  van 18.45 – 22.30  uur.

Soargen
Bij Da1 makket de lieding sich soargen. In pear wike lyn troude Nynke en dan sokke
berjochten.

Golden Oldies
Jan Keuning fan Drylts, earder fan Easterein sjocht it hielendal sitten:
Ik seach wat oer 45+ kompetysje en toernooien op freedtejun bygelyks. Is dit ek wat foar SDS. Ik liket my wol wat te baljen mei “golden oldies”.
Groetnis,
Jan Keuning

SDS-fuotbalplaatsjes
Wa ’t noch fuotbalplaatsjes hawwe moat dy moat moarn mar efkes yn de fuotbalkantine sjen. Hjir lizze noch bulten fuotbalplaatsjes.

Skore
Beide wepmasters(sawol dy sûnder burd as dy sûnder lang hier) binne gjin doelpuntenmasjines. Beide steane dit seizoen noch op nul yn kompetysjewedstriden. Dit hat fansels neat te krijen mei harren fuotbalkwaliteiten……. Ien fan de wepmasters skoort net omdat hy net wit hoe ’t hy jûchheie moat (sjoch hjir).

Lotting
Foar wa’t it noch net wist. Hjoed is de lotting fan it WK. Oan de ein fan dei begjin “de poppekast” en oan it begjin fan de jûn sille wij it resultaat oeral sjen kinne.

Lotting (2)
It kin alle kanten út mei de WK-lotting. Nederlân kin yn in poule komme mei Chili, Slovenië en Honduras, mar ek wol yn in poule mei Frankryk, Mexico en Uruguay. Wat is no better?

Lotting (3)
Wol aardich sa ’n WK-lotting fan in oere, mar it hie om ús wol wat koarter kinnen (om wa net?). Hjirby:
14 juni Nederland – Denemarken
19 juni Nederland – Japan
24 juni Nederland – Kameroen

Earedivysje
It is moarn Sinterklaas. Dan wurdt der net fuotballe yn de earedivysje. Dêrom binne der jûn in stik as 5 wedstriden en is de rest snein. Ek Cambuur sil jûn wer los en is sels te bewûnderjen op RTL 7.

Harsens derby (93)
Jimmy Bullard fan Hull City warskôget nei syn skoorde pingel syn ploeggenoaten lykas syn koach in wike earder: “jonges, no de harsens derby!!”