Weppers freed 31-5

De foarjiersnota en no?
29 mei 2013
A1 slút seizoen ôf
2 juni 2013

Net Efkes Balje
Der is hjoed fan alles te dwaan, sadat it oantal ôfmeldingen foar it Efkes Baljen sa grut is, dat besletten is om it net trochgean te litten.
It alternatyf is Efkes Lekker Aaismite op de Terp.
Nije wike giet it wer los.

Jeugd
Fanôf 17.00 oere allegear aktiviteiten op de Skoalleseize foar de jeugd: de slotdei dus.

Heiten winne tredde helt
In de kantine zag het er goed uit: De veldbezetting aan tafel was prima. De groenen werden op tijd gewisseld en iedereen hield goed zijn positie vast.
Het uur er voor was minder indrukwekkend voor de heiten. Naar voren spelen ging prima, maar dan die terugweg. Jongen wat is dat veld groot…
Zelfs ondersteuning van Tjipke Klaas, Jan, Dirk, Harry, Pieter, en Jan Bouke kon niet voorkomen dat de heiten ten onder gingen. 11 -6. Prima veldspel van C1, met rappe combinaties en stevig verdedigen zorgde voor een terechte overwinning, klasse jongens!  
Tjerk

Respekt
Ferline wike wie de beklimming fan de Alp dHuez yn it ramt fan Rinsma foar Remco. In geweldige prestaasje fan de meidoggers en it resultaat is
hjir te sjen. In moai filmke.

MC 1
Wij hawwe begrepen dat MC 1 hjoed nei Mulier giet foar harren lêste wedstriid. Om 18.00 oere geane se fuort en wij ferwachtsje harren foar tsjuster werom mei 3 punten.


A1
Soe it sa wêze dat SDS A1 de lêste echte wedstriid fan it seizoen spilet? Der stiet yn alle gefallen op it programma fan sneon 1 juny 14.00 oere Oosterlittens A1 – SDS A1.

Seizoensôfslúting SDS Vr.1

De froulju fan Vr. 1 hawwe moandei harren seizoen ôfslúten mei in goeie tarieding op de simmerstop. Mei wyn en hite nútsjes dus.

Foto’s SDS F1 – Heeg F1
Ôfrûne woansdei wûn SDS F1 fan kampioen Heeg F1. Henk Bootsma makke der in pear moaie plaatsjes fan.

Opjaan
Ferjit jim net op te jaan foar de frijwilligersjûn fan moarntejûn. Sjoch hjir.

Harsens derby(1040)
Dat trúkje in skoftke werom fan Messi en Alvès wie wol aardich fansels, mar dit is pas echt fuotbal: