Weppers freed 31-5-2024

Weppers woansdei 29-5-2024
29 mei 2024
SDS-slotdei jeugd tige slagge!
2 juni 2024

Bekerfinale

SDS/Nijland JO14-1 spilet moarn om 10.00 oere de bekerfinale yn Hollandscheveld tsjin ST VAKO/Tynaarloo JO14-1. Der binne noch in pear plakjes yn de bus.

SDS-slotdei jeugd

Moarn is ek de slotdei foar de jeugd fan SDS. Dit begjint om 10.00 oere. De jeugd moat harren 9.45 oere melde.

Koachjassen ynleverje

Der binne noch guon dy ’t de SDS-koachjas noch thús lizzen hawwe. Dizze graach sa gau as mooglik by Bauke de Boer thús bringe.

SDS 4 slút it seizoen ôf

SDS 4 slút jûn it seizoen tradsijoniel ôf by Harm Dijkstra mei in hapke en in snapke.

Neikompetysje

Sneon wurdt der folop fuotballe yn de neikompetysje. Hjir yn de buert is der wat dat oangiet net folle te belibjen. Dan wurdt it al Heeg – Dokkum of sc Joure – The Knickerbockers. Of snein efkes nei VV Oosterlittens – USV.

Harsens derby (2253)

Hoppaté!