Weppers freed 30-10

SDS League: Marten nimt kopposysje oer!
29 oktober 2009
Seleksjes 31-10
29 oktober 2009

Perioadekampioen?
SDS 2 kin moarn samar de 1e Perioade pakke yn de Reserve 1e-Klasse. Sy steane tegeare mei Harkemase Boys 2 boppe-oan. Harkemase Boys 2 hat al wat in better doelsaldo (+12 tsjin +7). SDS 2 nimt it moarn op tsjin Balk 2 en de Harekieten spylje thús tsjin nûmer 3, Flevo Boys 3. De Emmeloorders folgje op 2 punten (doelsaldo +8). It kin moarn dus alle kanten op.

Minne eagen?
He Optimistische Freonen,
Ik bin hjoed nei de dokter west. Myn eagen waarden minder of it lei oan de achterutgong fan myn al net al te hege hersenactiviteit.
Ik ha de dokter ferteld dat ik der hast wol seker oertsjoeche fan wie dat us earste mei it sealfutbal ferlen hie….
In nultsje of acht tocht ik….….. Sjoch ik op de side fan sds….. Huh 8-0 wun?!?!
No jah, ik seach justerjun ek dat de mannen fan it earste hiel lang yn e kantine sitten ha…. Mar der begjin ik no ekoan te twifeljen…..
Fol mei mixed emotions woe ik noch trochjaan dat wy inderdaad ek wun ha….of…..
Groetnis Johan

Beste Bertus
It wie justerjûn wer sa fier. Undanks de grutte nûmmers op de tas wie juster nei de training fan SDS 4,5,6 in tas fuort en der bleau in oare tas oer. It muoit ús tige dat wij gelyk oan dij tochten want do wiest fluch fuort nei de training en do hast wat in reputaasje opboud, Is it net sa?
Mar de eksuses fan ús allegear, do wiest de dieder net.

Groetnis fan de trainingsbisten SDS 4,5 en 6

Iets minder beste Geert
Wij begripe wier hiel goed datsto nei de training graach gelyk nei dyn popke ta wolst yn Poppenwier. Mar om dan de tas fan Lieuwe mei te nimmen is net leuk. Lieuwe wol graach syn eigen handoek brûke, syn eigen skjin himd oan en hij is tige hechten oan syn eigen model ûnderbroek.
Moai dat wij dij op speure koene, want it is gelokkich dochs wer klear kommen. Oare kear better útsjen Geert, want 31 en 79 liket ek net echt op elkoar. Oars moatst mar krekt as Johan (sjoch hjir boppe) nei de dokter.
O ja, do hooptest dat ien fan de webmasters net yn de kantine wie. Helaas wij dogge dij de groeten fan Aant.

Groetnis fan de trainingsbisten SDS 4,5 en 6

Blessure?
Wij sjogge Robert Sijbesma ek wer bij de seleksje fan SDS 2 stean. Wij freze lykwols foar in nekblessure. Justerjûn yn de kantine hat hij mar leafst 119 minuten sitte te skodzjen mei syn holle. Safolle ûngenoegen hie hij oer syn favorite klupke. Uteinlik koe hij dan dochs noch jûchhije. Ajax wûn nei 120 minuten fan it altiten tige lestige Dordrecht (Jupiler Leaugue)

Wedstrydsponser
Sneon bij SDS 1 – Heerenveense Boys 1 is it Dielshûs yn Wommels ien fan de wedstrydsponsers.  En datselde Dielshûs hat al ris twa SDS fedettes ynsetten foar in goeie reklamekampanje. Sjoch
hjir en hjir.
De oare wedstrydsponser is Couperus Hydraulyk.

Harsens derby (80)
Yn ien fan de grutste klassiekers fan de wrâld, Boca Juniors-River Plate, is in soad tastien as der mar wûn wurdt. Mar Ariël Ortega giet mei dizze schwalbe al wat te fier, al sil it Edwin van der Sar net ûnbekend foarkomme: