SDS League: Marten nimt kopposysje oer!

Weppers tongersdei
29 oktober 2009
Weppers freed 30-10
29 oktober 2009

Hjir dan eindelik de nijste stân fan de SDS League.

“Op naar de Top” fan Marten Faber nimt oertsjûgend it 1e plak oer fan “Popov 4-ever” fan Bram van Beem. Hy komt net allinnich boppe-oan, mar pakt ek noch de wykpriis. Hy moat dizze wol diele mei “The Butchers” fan Lolke Bouma. Foarige wike grypte Lolke hjir noch krekt nêst. Lolke is dwaande mei in flinke ynhelslach. 2 wiken werom stie hy noch 71e en no ynmiddels 18e….

Marten syn favorite boek?

Eeltsje Postma is mei “Feuuuerrr” sakke fan it 5e nei it 8e plak. Dit baarnt him net hiel bot yn, want eins sjocht hy mar nei ien ding en dat is wat syn konkurrint en buorman Hjalmar Ruiter dien hat. De heechsteindigende fan de twa krijt namelijk fan de oare €20,-. Hjalmar stiet 23e en is 5 punten tichter by Eeltsje kommen. It ferskil is no 12 punten.

“Soesoeky” fan Bauke Jan Plantinga ferlit mei gang de top 10. Hy sakket dizze wike fan it 9e nei it 22e plak.

Falkenburg(SPA) wie dizze wike fansels de grutte man. Hy makke 3 doelpunten tsjin ADO en dat levere him úteinlik 20 punten op. Spitich genôch hat net ien koach yn de SDS League him yn syn team.

Wy hawwe wer in nije nûmer lêst. It is dizze wike “Championship Manager 2009-2010” fan Teade de Boer dy ’t de reade lantearne drage mei. Heechstwierskynlik bringt dizze koach tefolle oeren troch efter syn kompjoeter en lit der syn team yn de SDS League wat rjochts lizze.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.