Weppers freed 3-2-2023

Weppers woansdei 1-2-2023
1 februari 2023
Sneon 4-2-2023
3 februari 2023

Scharnegoutum 1 – SDS 1  (14.30 oere)

De earste wedstriid fan it seizoen op herhaling, mar no yn Skearnegoutum.
Dêr binne se op revâns út, mar dat lit SDS net gebeure.
De seleksje: Anco Bervoets, Jaap Toering, Gerbrand Kramer, Bauke Dijkstra, Remco Hylkema, Luuk van der Schaar, Matthijs Postma, Frank Bervoets, Jelmer Posthumus, Kevin den Haan, Stan Korbach, Eeltje Bootsma, Tjitse Postma en Steven van der Pol.

Rijperkerk 2 – SDS 2 ( 12.30 oere)

Yn dizze nije kompetysje hawwe beide ploegen nei 1 wedstriid noch gjin punten. It is wis dêr komt sneon feroaring yn.
De seleksje: Bote, Jurjen, Arjen, Mark, Tim, Tom, Lieuwe, Robin, Jesse, Anne, Jort, Yke en Jildert.

SDS 3 út de kompetysje

SDS 3 hat de hiele kompetysje al muoite om 11 man op papier te krijen. De seleksje is net rom mar mei help fan SDS 1 en 2 soe SDS 3 dochs it hiele seizoen fuotbalje kinne moatte wie foar it seizoen it idee. No ’t der by SDS 13 man misse en it foar de kommende wiken ek net liket dat it oars wurdt is beslúten om SDS 3 út de kompetysje te heljen. Hooplik binne se der folgend seizoen al wer by.

SDS 4 – vv Nijland 3  ( 14.30 oere)

In streekderbij fan de nûmer 6 tsjin de nUmer 9.  Mar streekderbys hawwe altyd wat ekstra’s bij beide ploegen. Hoe sil it komme?
De seleksje: Arjan, Michael, Wiltje, Jeffrey, Aiso, Leon, Remon, Jorrit, Jorrit, Halbe, Alert en Gerben. Bouke skoot lyk nei syn wintersport oan as 13e man.

AVC 3 – SDS 5 g.n.t.

By SDS 1 hawwe sy lêst fan blessures, mar ek by SDS 5. Mar leafst 10 man misse der troch blessures en dan komt de rest der noch by dy. It idee is dat dit de lêste wedstriid fan it seizoen is dat SDS 5 net balje kin troch in te smelle seleksje. De oanfulling fan SDS 3 sil harren de rest fan it seizoen helpe moatte om eltse sneon te baljen.

ONS 5 út de kompetysje

Net allinnich by SDS is it lestich om alle alvetallen sneons op it fjild te krijen. By ONS tochten sy yn oktober in nij team de kompetysje stjoere te kinnen, mar dy flieger giet no al net mear op. ONS 5 stapt út de kompetysje wêr ’t SDS 4 en 5 ek yn sitte.

SDS JO17-1 – sc Stiens JO17-1 g.n.t.

SDS JO17-1 soe moarn tsjin sc Stiens JO17-1 balje, mar ek yn Stiens is it lestich om 11 jongelju byinoar te krijen. De JO19-1 fan sc Stiens hat fuotballers nedich en dat betsjut dat SDS JO17-1 – sc Stiens JO17-1 moarn net trochgean kin. SDS JO17-1 hat 17 spilers en dy wolle graach efkes balje, dus traine sy om 11.30 oere op it haadfjild.

Net Efkes Balje

De ynteresse om Efkes te Baljen is ek al moannen minimaal. Al moannen binne der gjin 8 spilers te finen op freedtejûn. Ek jûn giet it wer net troch, want 5 is te min.
At dit sa trochgiet, kin hjir de stekker ek út.

Harsens derby (2135)

Hoppaté!