Weppers woansdei 1-2-2023

Wedstriidformulier ynfulle
30 januari 2023
Weppers freed 3-2-2023
3 februari 2023

Derbys

Sawol SDS 1 as 4 spilet sneon in derby. SDS 1 om 14.30 oere út tsjin vv Scharnegoutum 1 en SDS 4 om deselde tiid thús tsjin vv Nijland 3.

Ut it argyf

Ek de syktocht nei gegevens út it jier 1955-1956 levert wer wat krantestikjes op. Sjoch hjir nei  it seizoen dat SDS 1 en SDS 2 bijelkoar yn de kompetysje sieten.

Weromsjoch twitter foto

Ferline wike hiene wij dizze foto op twitter  út 2007 op ús rubryk weromsjochwoansdei.
Dit binne de nammen:
Boppe: Jan Douwe Breeuwsma, Jesse de Jong en Gert-Jan Bootsma.
Op hurken: Habtamu de Hoop, Frank Bervoets en Matthijs Postma.

De nije SDS-League

De transfermerke sit der wer op, dus wy kinne hast los mei de nije SDS-League. Miskien hawwe wy folgend wykein de dielnimmersformulieren wol klear. De nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 11 febrewaris 18.30 oere. Moarn kinne jim hjir de ynskriuwformulieren fine.

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine wer iepen. As it Tjitse past dan sil dy elkenien betsjinje.

Harsens derby (2134)

As it net kin sa as it moat, dan moat it mar sa as it kin.