Weppers freed 3-2-2017

Wepperkes woansdei 1-2-2017
1 februari 2017
Sneon 4-2-2017
4 februari 2017

Noch romte op fjild

De B’s gean moarn net troch. Der is dus noch romte op ot keunstgersfjild. Tusken 10.15 en 12.00..

Seleksje SDS 1

Om 14.30 oere rint Heech en omkriten út foar de wedstriid Heeg 1 – SDS 1. En nei de goeie pot fan sneon tsjin Oudehaske binne der mooglik ek aardich wat supporters fan SDS.

Dizze  seleksje  moat er om 12.30 wêze:  Jaap, Bauke, Jacob, Marco, Martijn, Elger, Remco, Pieter, Wiebe, Ewout, Teun, Lourens, Erik en Hendrik.

 Oefenje, oefenje en nochris oefenje

Sneon allegear oefenwedstriden op it keunstgers yn Easterein. SDS JO13-1 oefent om 9.00 oere tsjin OHH JO13-1, SDS JO17-1 om 10.15 oere tsjin sc Berlikum JO17-1, SDS Vr.1 om 12.15 oere tsjin FVC VR.1 en SDS 2 om 14.30 oere tsjin ……..Makkum 2. It soe sc Bolsward 2 wurde, mar dat wurdt him net.

Seleksje SDS 2

Seleksje foar oefenwedstriid  sneon (thús 14.30 oere tsjin Makkum 2) bekend :  Marten, Hendrik, Bote, Jurjen, Jesse, Wietze, Ayanle, Allert, Tjeerd, Ralph, Jort, Dirk, Jentsje. Pieter, Willem, Arjen

Seleksje SDS VR1

Sneon oefent SDS VR1 tsjin FVC VR1. It is in thúswedstriid dy’t om 12.15 begjint (11.15 der wêze). De seleksje: Alize, Lysanne, Hester, Sieta, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Sanne Rixt, Agnes, Jeska, Janieke.
Flagger is Bertus Bootsma

Seal

De sealfuotballers hawwe ôfrûne woansdei in alderaardichste potsje fuotballe. Sy spilen thús tsjin FFS mei 6-6 lyk. Nei 8 minuten stie SDS al mei 4-1 efter en like de wedstryd al spile. SDS hie de measte kansen en kaam hieltiten werom, mar slagge der mar net yn om FFS yn te heljen. Beide ploegen wienen úteinlik tefreden mei in lykspul. Taskôger en skoreboerdbetsjinner Geert Dijkstra hie yn elts gefal genoten. Kommende woansdei mei SDS 1 wer thús. Dan spylje sy tsjin Workum 1.

Efkes Balje

Ek jûn wurdt er wer Efkes Balle. Om 19.30 oere.

Fjildyndieling 2017-2018

Dichter en doelman bij SDS

Grietzen Gaastra is de doelman bij JO 17-2.
Neist ballen keare hat hij ek talint om te dichtsjen.
Hij dichtet ek oer ballen keare.
Yn it febrewaris nûmer fan Diggelfjoer (doarpskrante yn Wommels) in wiidweidich artikel oer him.
Ek syn priiswinnend gedicht stiet er yn.

Yn ien fan de kommende wiken kinne jim dat ek lêze at it it febrewarisnûmer fan Diggelfjoer online stiet. Sjoch dan hjir.

Harsens derby (1830)

Wat dogge je as je in ûnterjochte penalty krije?
Misse fansels!
En as je him dan oernimme moatte?
Ynderdaad………….