Wepperkes woansdei 1-2-2017

Weppers tiisdei 31-1-2017
31 januari 2017
Weppers freed 3-2-2017
3 februari 2017

‘Nij’ lid

Op ‘e nij kinne wy in ‘nij’ lid byskriuwe! Arjen Los hat syn stúdsje yn Grins posityf ôfslúten en is der wer hielendal oan ta om te fuotbaljen. Hy sil moarn foar it earst yn jierren wer ‘echt’ meitraine mei de B-seleksje.

Arjen fiert mei syn sus, syn faam en syn mem dat hy wer fuotbaljen giet by SDS!

Nochris SDS 1

Ek yn it Frysk Deiblêd oandacht foar de oerwinning fan SDS 1. Sjoch hjir (helaas net sa goed te lêzen, mar it giet om it idee)

Programma sneon

Kommende sneon wer in kompetysjewedstriid fan SDS 1, oefenwedstriden en sealwedstriden. Jim kinne it allegear hjir sjen.

SDS-League

De transfermerke sit der op, dus dat betsjut dat jim wer begjinne kinne mei it ynfullen fan jim nije team foar de SDS-League. Jûn hjir it nije ynskriuwformulier op de webside en moarntejûn leit der yn de kantine op âlderwetsk papier.

Alde Treffer


Yn it jieroersicht fan 1975-1976 wurdt ek wat sein oer skorsingen.

Harsens derby (1829)

Wy misse allegear wolris in penalty, mar twa yn ien minút is hast wat tefolle fan it goeie……..