Weppers freed 29-5

Weppers woansdei 27-5
27 mei 2015
Slotmiddei – jûn jeugd
29 mei 2015

Efkes Balje
At alles wat meisit dan giet it Efkes Baljen jûn gewoan troch yn Wommels. Om 19.30 foar de leafhawwers.

Slotjûn
Yn Easterein is it hjoed fêst gesellich bij de slotdei foar de jeugd. Fanôf 16.30 is der fan alles te dwaan en kin de jeugd harren fermeitsje mei allegear leuke spullen. Sjoch foar it skuonadfys
dit stik.

SDS 5
It soe wêze sneon. Arjan Hallema hie de seleksje al trochjûn en dan komt it berjocht út Toppenhuzen: TOP 3 hat gjin 11, en it giet dus net troch.

Programma sneon

09:00 SDS B2 GAVC B2
11:00 SDS VR2 Zeerobben VR2
12:30 SDS 5 TOP’63 3
14:45 SDS 2 Rijperkerk 2
10:30 Franeker SC MD1 SDS MD1

Efterstân
Moarntemiddei de twadde wedstriid fan SDS 2 om degradaasje foar te kommen. Mei in 0-4 efterstân nimme se it op tsjin Rijperkerk 2.

Programma SDS-jûn!
It programma foar de SDS-jûn sil der sneon grof wei sa útsjen:
Fanôf 14.45 oere: SDS 2 – Rijperkerk 2 (neikompetysje)
Fanôf 16.30 oere: SDS B1 tsjin de heiten
Fanôf 17.00 oere: SDS-barbekjoe
Fanôf 18.15 oere: 1 ronde Draaiend Rad
(de oare 2 rondes komme letter)
Fanôf 18.30 oere: bekendmakking winners SDS-League
Fanôf 18.45 oere: SDS-ferlotting
Fanôf 19.30 oere: SDS-feiling
Fanôf 21.30 oere: SDS-muzyk
en dan sjogge wy wol hoe let as it wurdt!
Tuskentroch draaie wy ek noch efkes oan it Draaiend Rad!

SDS-ferlotting
De SDS-ferlotting sil moarn dien wurde troch boargemaster Liemburg fan de Gemeente Littenseradiel. De ferlotting fan de grutte SDS-lotterij sil plakfine om 18.45 oere.

SDS-Barbekjoe!
Ynmiddels hawwe wy al 135 oanmeldingen foar de barbekjoe fan moarn! Dat liket der op! No moat it allinnich net sa wêze dat wy dy lêste baarch, mar foar de helte hoefe te slachtsjen. Der kinne dus noch in pear by. Meld dy no noch rap
hjir oan!



Letter fêst mear!