Weppers freed 29-2

Weppers tongersdei 28-2
28 februari 2008
Seleksjes 1 maart
29 februari 2008

SDS 1 – Trynwâlden 1
Fan Voetbalnoord krigen wij wer
in oersicht, wêryn jim sjen kinne hoe’t it sit mei de ûnderlinge striden troch de jierren hinne en de rissultaten fan dit seizoen.

Periodekampioen
Wij stelden de simpele fraach hoe’t it sit at SDS en Broekster Boys gelyk yn punten en gelyk yn doelsaldo einigje. Tongersdeitejûn waard yn de bestjoerskeamer socht en oerlein. Konkluuzje: at it doelsaldo gelyk is moat der in beslissingswedstryd komme.
Dêr soene wij it net op oankomme litte wolle.

Seleksjes
Letter hjoed fansels de seleksjes fan SDS 1 en SDS 2.

SDS 5 frij
Net troch it waar mar troch it feit dat Oudehaske te min minsken hat, giet de wedstriid SDS 5 – Oudehaske 4 net troch.

Knibbelblessure
Troch dit berjocht oer de knibbelblessure fan Rojer fan Excelsior sjogge je yniens hiel oars tsjin de minsken fan SDS oan dy ’t wolris wat malheur mei de knibbels hawwe. Nim de familie Hoekstra(Robert, Marco en Christiaan), ien fan de wepmasters, Lolke Hofstra, Klaas Molenmaker, Durk Okkema, Remco Bervoets ensfh.

Jong tsjin âld
Der wiene 14 man op de training fan SDS 4 en 5 en dat wie in prima resultaat. De earste partij einige gelyk, de twadde wie de moaiste striid en dy waard wûn troch âld. Yn it tredde partijtsje waanden de âldtsjes harren yn in boaze dream: alles slagge bij jong. Lieuwe Jan hearste as Stam yn syn beste tiden, yn Piter Lieuwe seagen wij in Neeskens, Coen skeat hurder as Koeman, Romke hie in balbehearsing gelyk oan Bergkamp yn syn gouden tiid bij Arsenal, en Jeroen syn flymskerpe foarsetten diene ús tinken oan Nurmela, Pieter koe mei syn rinfermogen de fergeliking mei Bradley maklik oan en Gearard wie “de Alves tsjin  Heracles”. Yn sa’n gefal docht de útslach der net ta.

Klaas werom
Klaas Molenmaker wie tongersdei ek werom op it trainingsfjild. Nei in operaasje oan de knibbel pakt dizze 54 jierrige feteraan it wer op.

Pec fans
Bij it sjen fan de twadde helte Feyenoord-Pec Zwolle yn de kantine foel it op dat de klup út Swolle sa folle fens bij SDS hat. Bij inkele ferdwaalde skotten fan Peccers jûchhijden se wol hiel lûd. Bij in neiere analyse wie de konkluuzje dat it Ajax fans wiene, de klup dy’t al lang net mear yn it bekertoernooi sit.

Futsal 3
Yn Sint Nyk ferlern mei 10-5.

Kast te keap
Yn de eardere kantine hong in grutte fitrine mei allegear bekers deryn. Dy kast is no te keap. Durk Okkema wol jim graach te wurd stean at jim belangstelling hawwe. De kast is te besichtigjen yn it opberch hok.

Eigen goal(5)
Dat der yn it fuotbal wolris praat is dat der spilers omkocht binne komt troch dit soart gefallen……..