Weppers tongersdei 28-1
28 januari 2016A1 is der klear foar
30 januari 2016Gjin Efkes Balje
Der wurdt jûn net Efkes Balle. Te min dielnimmers.
Seleksje SDS 1 tsjin Mulier 1
13.15: der wêze
14.30: spylje
Feiko, Grytzen, Bauke, Erik, Jacob, Teun, Wiebe, Hendrik, Tjipke, Jelmer, Dirk Yde, Jaap. Elger, Sjoerd en Marten.
Flagger: Adam Joostema
Fjild keure
Om 12.00 oere wurdt it fjild yn Easterein moarn keurd.
Op de bank
Om ’t trainer fan SDS 1, Frans Munsterman, thús sit mei in hernia sil Robert Hoekstra moarn de coaching op him nimme.
Net op de bank
Anne Brouwer hat witte litten per direkt op te stappen as leider fan SDS 1. Hy kin him net fine yn de tinkwize fan it bestjoer en hat dêrop besletten de wedstriden fan SDS 1 foartaan te besjen as supporter. Anne hat sa ’n 25 jier leider west fan SDS 1. It muoit it bestjoer dan ek tige dat hy der mei stoppet.
Wol op de bank
Mark Postma is ree fûn om moarn as leider by SDS 1 op de bank te sitten.
Flagje
Adam Joostema makket fannemiddei syn debút as flagger by SDS 1.
Oefenje?
Mocht SDS 1 moarn ôflast wurde dan is it doel om te oefenjen tsjin vv Scharnegoutum 1.
Noch net los
SDS 4 hie eins moarn fuotbalje moatten tsjin IJVC 3, mar dizze wedstryd is ôflast. IJVC hie te min spilers.
Nije wike los
SDS 3 en 4 meie nije wike sneon 6 febrewaris foar it earst wer los. SDS 4 mei dan thús tsjin Tzum 2 en SDS 3 mei út nei sc Bolsward 3.
SDS’er derop út!
SDS 2 hoecht dit wykein noch net los. Dat komt Jesse van der Weide moai út. Sa kin hy dit wykein noch moai efkes in leuk fuotbalpotsje besykje. Hy sit moarn yn Nou Camp om 16.00 oere om Barcelona – Atletico Madrid te sjen.
Alderaardichst
In klup út de Eredivisie fan Bolivia moast fan de skieds oare sjurts oan om ’t de sjurts tefolle liken op dy fan de thúsklup. Sy hienen allinnich gjin oare sjurts mei. De teammanager tocht efkes nei en kocht bûten it stadion 12 replika-sjurts fan AS Roma. De nûmers waarden der mei stift op setten:
Harsens derby (1662)
Nee, dit is Johan Heerma net fansels…….