Weppers tongersdei 27-8-2020
27 augustus 2020Sneon 29-8-2020
28 augustus 2020Corona-maatregels
De kantine is moarn iepen en foar mar 35 minsken beskikber. Op it terras kinne ek noch lju sitte. Hjir wurdt in tinte delsetten sadat der ek mei min waar sitten wurde kin. Lju dy ’t net fuotbalje, mar wol yn de kantine komme moatte harren namme en tillefoannûmer ynfulle op it registraasjeformulier. Der mei allinnich sitten wurde yn de kantine en op it terras. Stuollen en tafels meie net ferskoot wurde. De keuken is ticht. Sjoch hjir foar alle Corona-maatregels. Y.f.m. mooglike drokte nei de wedstriden is it Dielshûs yn Wommels ek wer iepen.
SDS 1 – sc Franeker 1
De earste fan de trije bekerwedstriden. De ienige thúswedstriid. Dus kom foaral efkes lâns. Om 14.30 giet it los. De seleksje:
13.15 aanwezig
13.30 bespreking/omkleden.
1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Steven, 12 Jelte-Pieter, 13 Frank, 14 Habtamu
Teun is nog niet speelgerechtigd.
Enne Bruinsma sil moarn flagje.
SDS 2 – sc Berlikum 2
SDS 2 mei it opnimme tsjin sc Berlikum 2. Ek dizze wedstriid is om 14.30 oere.
Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boksen ferwachte: Arjen, Dirk, Ewout, Jort, Jurjen, Kent, Niels, Robin, Sietse, Sjoerd, Steven, Wessel, Wesley, Mark, Jacob-Klaas en Bauke.
De seleksje is noch ûnder foarbehâld.
Utsteld
SDS Vr.1 bekert net moarn út tsjin LAC Frisia Vr.1, mar woansdei 9 septimber om 20.00 oere yn Ljouwert.
5 wiksels
Der mei yn de bekerwedstriden 5 wiksels meidwaan. Sjoch ek hjir. 5 wiksels, mar der meie mar 3 wikselmominten wêze.
Jeugdwedstriden.
Der binne moarn om 9.00, om 10.30 en 11.00 oere bekerwedstriden foar de jeugd. Letter hjoed alle thús- en útwedstriden op in rige.
Sjurts en ynskopballen ophelje, mar gjin bidons
Klaas de Haan en Willem Twijnstra steane moarn klear yn it ballenhok om de lieders de sjurts en de ynskopballen te oerhannigjen. Y.f.m. de Corona wurde der gjin bidons meijûn.
Pieter de Boer nije leider JO19-1
Pieter de Boer is de nije leider fan de JO19-1. Hy wie earder ek al inkelde jierren leider. Nei in jier neat nimt hy it stokje wer oan.
De ‘nije’ Pieter de ‘nije’ leider fan JO19-1!
Keuken iepen!
Wat de Skoalleseize betreft kin de keuken wol wer iepen. Dat betsjut dat jim moarn yn de keuken fan de kantine wol wer te plak kinne foar wat lekkers. Wol by de kassa bestelle en op je ‘eigen’ stoel wachtsje.
Plattegrûn
Op de boksen hinget al jierren it programma mei de boksyndieling. Fanôf hjoed hinget der in prachtige plattegrûn by om alles noch dúdliker te meitsjen.
Kantinetsjinsten
Fanôf 1 septimber meie de fuotballers fan SDS op tongersdei de kantine wer runne. Pieter Kamstra hat wer in kreas barskema makke. It sjocht der sa út:
3-9-2020 | Willem Wijnia |
10-9-2020 | Stefan van Krimpen |
17-9-2020 | SDS JO-19 |
24-9-2020 | Enne Bruinsma |
1-10-2020 | Anne Stenekes |
8-10-2020 | Marten Faber |
15-10-2020 | Pieter Kamstra |
22-10-2020 | Inne Heerma |
29-10-2020 | Auke Jetze Kroondijk |
5-11-2020 | Dirk Yde Sjaarda |
12-11-2020 | Marco Hoekstra |
19-11-2020 | Sjoerd de Boer |
26-11-2020 | Enne Bruinsma |
3-12-2020 | Auke Jetze Kroondijk |
10-12-2020 | Stefan van Krimpen |
17-12-2020 | Boudewijn Kramer |
24-12-2020 | gjin trainen |
31-12-2020 | gjin trainen |
7-1-2021 | Pieter Kamstra |
14-1-2021 | Marten Faber |
21-1-2021 | Marco Hoekstra |
28-1-2021 | SDS JO-19 |
4-2-2021 | SDS JO-19 |
11-2-2021 | Enne Bruinsma |
18-2-2021 | Willem Wijnia |
25-2-2021 | Inne Heerma |
4-3-2021 | Stefan van Krimpen |
11-3-2021 | Auke Jetze Kroondijk |
18-3-2021 | Sjoerd de Boer |
25-3-2021 | Dirk Yde Sjaarda |
1-4-2021 | Boudewijn Kramer |
8-4-2021 | SDS JO-19 |
15-4-2021 | Anne Stenekes |
22-4-2021 | Willem Wijnia |
29-4-2021 | SDS JO-19 |
6-5-2021 | start keatsrooster |
Harsens derby (2247)
Toet, tooooooooooooooooooooooooooooeeeeeeeeeeeeeeeeeet!!
Class this 😂😂😂 #SundayLeague pic.twitter.com/UHrPrsXqT0
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) August 26, 2020