Weppers freed 28-11

Weppers 27-11
26 november 2008
Seleksjes sneon 29-11
28 november 2008

SDS 6?
Moat der in SDS 6 komme? Lit
hjir je stim heare!

Foar de minsken fan SDS 3
Soene alle tredde seleksje spilers sa gau mooglik it jild foar de grutte klubactie + club fan 50 oan ien fan de lieders oerhandigje kinne? Moarn soe it mooiste wêze en oars even lânsbringe yn de rin fan de wike. Minsken die al betelle ha hoe dat fansels net mear te dwaan. It giet om 15 euro per persoan.  
Groeten lieders SDS3


Histoarje SDS en Olympia
Wij krigen fan Voetbalnoord wer in oersicht wat beide klups meielkoar han hawwe yn it ferline. Neat dus. It soe wol ris sa wêze kinne dat de ploegen elkoar foar it earst treffe sneon.

Stop de graaiers
Soms steane der leuke dingen yn de krante. Net elkenien hat miskien dizze wike it reklameblêd Friesland goed lêzen. Dat is spitich want dêr stie in geweldige adfertinsje yn. Sjoch
hjir.

Midwintercup
De lotting fan de
Midwintercup sil plakfine op moandei 1 desimber om 20.30 yn it distriktskantoar fan de KNVB yn Heerenveen.

Futsal 2
SDS futsal 2 hat woansdeitejûn ynderdaad ferlern. Sy gienen mei 6-3 ûnderút tsjin SneekWit-Zwart.

Lêste wedstriden
Dit wykein binne foar de D’s, E-s en F-s de lêste wedstriden foar de winterstop. Nei de winterstop wurde de teams op nij yndield.
Hjir ûnder is te sjen hoe’t it der foar stiet. E 4 liket as ienige hjerstkampioen wurde te kinnen. Sneon spylje se om 9 oere thús en wij tinke dat alle heiten en memmen der wer binne.

plak team punten foar tsjin 
5. SDS D1 9 32 16
5. SDS D2 10 23 28
3. SDS E1 12 30 19
5. SDS E2  9 37 28
9. SDS E3  3 6 85
1. SDS E4 21 88 3
5. SDS F1  15 73 20
8. SDS F2  4 13 37
3. SDS F3 17 49 8

Petsje ôf
Foar de spilers fan SDS 4 en SDS 5 diene wij justerjûn de pet ôf. Sij “trainden”op it lytse trainingsfjild. Alles is dêr perfekt mei útsûndering fan it fjild. It
wrâldkampioenskip modderbaljen soe graach nei dizze lokaasje ta wolle. Mar fan dizze minne omstannichheden lûkten de hearen harren neat oan: de ien nei de oare spjâltende paas waard op de matte lein en de trijhoekjes wiene fan heech nivo.
Of wiene dizze jonges in bytsje hiel gek?

Herder
De spits fan Liverpool, Fernando Torres, is dreech te stopjen. De konkurrinsje fan Liverpool hat der ynmiddels wat op fûn: