Weppers freed 27-9

SDS League: Feiko en Sjoerd boppe-oan!
26 september 2013
Seleksjes sneon 28-9
26 september 2013

Efkes Balje
Jûn al wer om de selde tiid kin der wer Efkes Balle wurde. 19.30 oere yn Easterein dus.

Programma sneon 28 septimber
Hjir kinne jim it programma foar moarn sneon fine.

Seleksjes
De seleksjes fan SDS 1, 2, 3, 4 en 5 kinne jim letter hjoed op dizze side fine. Wij binne benijd at SDS 1 de streekderby fan Mulier winne kin, at SDS 2 it soere ferlies tsjin Makkum rjocht sette kin, at SDS 3 thús ek winne kin, at SDS 4 syn earsten punten makt en at it bij SDS 5 3-9 wurdt.

Seleksjes(2)
De seleksje fan SDS 2 sil der dit kear wol 2 ekstra minsken by hawwe. Dy meie nei de wedstryd efter de bar stean.

Kwyt
Woansdeitejûn, tidens of foar it trainen op it achterste fjild, bin ik it hangerke fan myn kettinkje ferlen. It is in lyts hartsje fan 1 bij 1 sintimeter.
Ik sil ‘m wol net werom fine mar ik tink ik hear wol efkes..

Groeten Geeske
P.s. Foar de simmerstop bin ik ek myn horloazje kwyt rekke, nei alle gedachten yn’e boks lizze litten. Hat ien dy ek fûn?

SDS Minileague
Moarn wurdt foar de 2e kear de SDS-minileague ferspile. Dizze earstejiers F-pupillen meie moarn 10.15 wer los. Hjir fine jim de stân en de teamyndilingen foar moarn.

Sjempiunsliek
Ek bij it keatsen hawwe se in Sjempiunsliek. It wurdt dit jier spile yn Belgie en foar SDS dogge mei Dirk Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jelte Pieter Dijkstra. Jim kinne der
hjir alles oer lêze. 

Derby
Wa ’t kommende snein net by de Fryske derby SC Heerenveen – SC Cambuur wêze kin is wolkom yn de Jimbar. De doaren geane dêr snein om 14.00 iepen om op it grutte skerm der dochs in bytsje by te wêzen.

Muzyktip
Wij binne oer it algemien net te beroerd om in muzyktip te jaan en yn dit gefal sille wij dat seker net litte. Led Zeppelin komt noch krekt net nei Snits mar wol de beste tributeband. Op in Europeeske toernee dogge se
Snits oan: Letz Zep.

Harsens derby(1120)
Dat sy dit al yn Dútslân betinke moatte seit genôch oer it nivo yn Nederlân: