SDS League: Feiko en Sjoerd boppe-oan!

Weppers tongersdei 25-9
25 september 2013
Weppers freed 27-9
26 september 2013

Dizze wike is alles wer oars as ferline wike.
Wêr ’t de wepmaster mei koart hier foarige wike noch de measte punten hie, hat hy no de minste en wêr ’t “SC EdBro” ferline hast de minste punten hienen, pakke Eddy Visser en Broer-Jacob Greidanus no de wykpriis.

“GVR”(Feiko Broersma) en “FC Don’t Hassel the Hoff”(Sjoerd van Beem) begienen de SDS League wol aardich mei in 9e en in 11e plak, mar stean no yniens boppe-oan.


Sjoerd leauwt der net in bliksem fan……

“Sporting Spannum” fan Hendrik(Ozzy) Eringa docht eins allinnich mar foar spek en beantsjes mei, mar stiet ûnbegryplik no al foar de twadde wike op in tredde plakje. Hoesa oars as oars?

Oh, ja! Hast alles is oars dizze wike. Útsein dat Ralph Wariman mei “Don’t Wari” noch altiten ûnderoan stiet.


Sjoch hjir foar de earste stân:
wike 2.