Weppers freed 27-6

WK stân 26-6
26 juni 2014
WK stân 27-6
27 juni 2014

Gjin SDS 3?
Ôfrûne wike is der besletten dat SDS 3 net útkomme sil yn de kompetysje kommend seizoen. De seleksje is te krap en net oan te fullen mei jongens út it 2e of 4e. It tal seniaorenleden rint stadich oan wat werom en it tal senioarenleden wat net eltse sneon fuotbalje wol c.q. kin noch hurder. Hooplik sil dit der foar soargje dat eltsenien wer folop trainen giet om der sneons yn te stean en de wille te fergrutsjen foar sawol de fuotballers as de lieders dy net eltse tongersdei hoefe te wrotten om 11 spilers byinoar te krijen.

Oranje
Snein moat Oranje wer fuotbalje. No sille se de Meksikanen ferslaan. Jim kinne dat allegear sjen yn de kantine. Dy is wer rom op tiid iepen foar Oranje supporters. En efentuele Meksikanen fansels.

Efkes Balje
It sil dochs net sa wêze dat it Efkes Baljen ek te lijen hat fan de Eastereinder feesten? Ferline wike wol wat in matige opkomst tidens de Wommels feesten, dat kin dus net wer. Om 19.30 oere.

Harsens derby(1303)
Dútslân spile juster mei in man mear en hie lyk in man minder hawwe moatten………