Weppers freed 27-3

Seleksjes sneon 28-3
26 maart 2015
Tydlike oplossing trainingsfjild!
26 maart 2015

Wy kinne los!

De lotten binne drukt troch ús drukker Van der Eems, dus it kin oangean! Wy probearje de lotten sa gau mooglik by de leden te krijen sadat se sa gau mooglik ferkocht wurde kinne. Mochten je se sels ophelje wolle dan kin dat by Willem Wijnia, De Homeie 27 yn Wommels

Assistint skiedsrjochter
SDS 1 siket foar moarn noch in assistint skiedsrjochter. Jim kinne jim oanmelde bij Anne Brouwer. Hij siket dan de beste út.

Efkes Balje
Us twitterfreon Willem Alexander begjint it wykein altyd mei in goudgiele. Dat docht hij al betiid op de freedtemiddei. De Efkes Ballers moatte altyd oan ’t in oere as njoggen wachtsje. Dan smeitsje se wol bysûnder lekker, sizze se allegear.
Jûn om 19.30 is it wer sa fier. Noch ien kear mei de ljochten oan?

Programma
Jim kinne op de foarside altyd it nijste programma fine. Foar it gemak stiet it no ek 
hjir.

GNT
Helaas binne de Vr2 sneon frij. Zeerobben hat te min spylsters. Wedstriid wurdt letter ynhelle tsjin de froulike ouweseunen

Doelpuntsje
De froulju fan VR2 hellen sneon in puntsje en makken in doelpunt. It doelpunt is makke troch Amarins Tjalsma en dat is no ek fêstlein yn de topskoarderlist, dy’t te finen is ûnder it kopke senioren.

Lotten
Moai sein op twitter fanôf Pipegaal 8:
Earste fiif keunstgers ferkeapers bij mij oan de doar….en ik bin der….dan keapje in in lot fan dy. Allinne de earste fiif……

Sluikreklame

Sa krije wij op tongersdeitejûn fia de whatsapp de seleksjes troch. De sluikreklame jout oan wa’t it regele hat. Moai dien Boudewijn. 
It twadde briefke waard opsierd mei de ferpakking fan Franske mostert. Dat betsjutte dat se der net mei de Frânske slach nei slein ha.

Harsens derby (1463)
Wy binne gek op hakjes!
Hoe dan ek!