Weppers freed 27-1

Weppers tongersdei 26-1
26 januari 2012
Programma sneon 28-1
27 januari 2012

SDS 1 – BCV 1
Sneon stiet SDS 1 – BCV 1 op it programma.

De optimisten ûnder ús sille sizze:
It giet sneon troch want it bliuwt freed en sneon droech, it hat wol wat reind de lêste dagen mar de wyn út it súdeasten droeget it moai op, de Skoalleseize wol graach dat it trochgiet en de seleksje is der hielendal klear foar.

De pessimisten sjogge yn de reinmjitter fan tongersdei, dogge in slach troch de eigen tún, sjogge alle wite flekken op Buienrader al oer Easterein gean, tinke dat de seleksje der net klear foar is troch in trainingsefterstân en witte seker dat it net troch giet.
Wij sille sjen.

Seleksje SDS 1
13.00: der wêze
14.30: fuotbalje
Jaap, Arjan, Jacob Klaas, Elger, Tjipke Klaas, Feiko, Jacob, Skelte, Erik, Dirk Yde, Ewout, Wytze, Kristiaan, Dirk. (flagger Sjoerd)

Nije flagger
Kommende sneon sil Sjoerd van Beem noch ien kear flagje by SDS 1. Dêrnei sil hy him wer hielendal rjochtsje op it keepen. Klaas Pompstra sil it flagjen by SDS 1 nei sneon fan him oernimme oan ’t yn elts gefal it ein fan it seizoen.

SDS-sealtoernoai op 28 jannewaris
Moarntejûn is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren.
It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein.
Graach opjaan mei help fan dit formulier foar jûn 22.00!
Wy kinne noch wol in pear fuotballers brûke. Der hat him bygelyks fan SDS 5 noch net ien opjûn.

Ôfsein
Syb en Harm-Auke hawwe harren fannacht ôfmelden foar it sealfuotbaljen fan moarn. Hjir kinne wy mei libje:

Wij wolle us ofmelde foar it toernooi foar sneon.
Wij sitte oan in bierke yn Willemstad!! 
groetnis Syb en Harm
Oh ja en Wimke en Vera fansels ek…..

Willem Twijnstra
Hij hat hjoed syn jierdei en dizze jongeman wurdt noch mar 63 jier. Fan herte lokwinske.

Wij binne benijd at hij hjoed ek wer interfjoes jaan moat

Tine Maria Greidanus
Sij spilet yn Da2 en wurdt hjoed 17 jier. Ek fan herte lokwinske.

Harsens derby(669)
Ho!