Weppers tongersdei 26-1

Weppers woansdei 25-1
24 januari 2012
Weppers freed 27-1
26 januari 2012

Gjin trainen
Y.f.m. it wiete fjild hawwe de A-junioaren jûn gjin trainen.

Wol “trainen”
SDS 1 hat jûn wol “gewoan” trainen. Nim foar de wissichheid al de draafskuon efkes mei.

SDS 3 sil spinne
De C-seleksje sil jûn yn Wommels wer by Sportcentrum Akkermans spinne. It begjint om 20.15. Allegear efkes in pear eurootsjes meinimme.

Lokwinske
Ek op dizze tongersdei hawwe wij wer wat te fieren. Hendrik van der Eems wurdt 11, Sieta Tessemaker wurdt 19 en Jurjen Bouma wurdt ek 11. Alle trije fan herte lokwinske en noch folle jierren der bij.

SDS-sealtoernoai op 28 jannewaris
Kommende sneon 28 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren.
It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein.
Graach opjaan mei help fan
dit formulier foar freed 27 jannewaris 22.00.

Transfernijs(6)
Noch in pear dagen en dan is offisjeel de “tuskentiidse-winterstop-transfermerke” alwer foarby. Dochs bard der noch net folle.
Wy kinne hjoed melde dat it wol krisis liket:
-Inter Wijnaldum wol hawwe wol, mar net foar tefolle sinten..
-Feyenoord Janmaat graach hawwe wol, mar dan nei dit seizoen foar neat.
-Fulham Chadli fan FC Twente hawwe wol foar in bytsje en FC Twente dan Tadic by FC Groningen ophelje wol foar in appel en in aai.
-Liverpool Texeira fan FC Groningen te djoer fynt en dêrom syn pylken rjochtet op Van Wolfswinkel dy ’t sy hawwe wolle foar in skaplik pryske.
-Espanyol wol graach El Hamdaoui ferlosse wol fan Ajax, mar spitich genôch net fan syn salaris.

Harsens derby(668)
Dit oerkomt de besten sille sommige keepers wol sizze: