Weppers freed 26-4

SDS League: Eeltje pakt wykpriis!
25 april 2013
Seleksjes 27-4
25 april 2013

SDS F1 foar beker nei Bant
SDS F1 mei yn de heale finale fan de beker op sneon 11 maaie út fuotbalje tsjin Bant. De wedstryd is om 10.30. De winner mei nei de finaledei.

2 maaie pupillenskiedsrjochterskursus
Tongersdei 2 maaie organisearet SDS in in pupillenskiedsrjochterskursus foar jeugd fan SDS. Dosint dy dei sil Hessel Steegstra wêze. Dizze 35-jierrige Snitser hat yn it ferline SDS – Nijland(mei de blaue middenstip) noch wol floten, mar stie 20 jannewaris oan de line as assistint-skiedsrjochter by Feyenoord-Ajax. Hessel stelt him hjir fierders efkes foar. Hessel hat der nocht yn!

31 maaie- slotjûn jeugd
Alvast noteren in de agenda. De jaarlijkse slotavond voor de D, E en F-pupillen is dit jaar op vrijdag 31 mei.
Aanmelden hoeft niet, gewoon komen!!
de jeudgcommissie

Seleksjes
Hjir steane de seleksjes fan de seniorenalvetallen foar moarn. Wa ’t net fuotballet ferwachtsje wy moarn rûn it fjild.

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen

SDS 3 -CVVO 3  3-2

0-2 efter en 3-2 winne, dat bliuwt yn it algemien in goeie prestaasje mar seker foar SDS 3. Safolle hawwe se dit seizoen noch net wûn. Nei it skoft kaam de oanslútingstreffer fan Pieter Kamstra, hij skoarde mei de holle of better sein mei syn gesicht.
It twadde doelpunt foel yn in goeie fase fan SDS , mar it wiene de Lemsters sels dy’t in foarset fan Mark Postma binnen kopte.
Efkes letter pielde Willem Wijnia binnen it strafskopgebiet op de fjouwerkante meter en hij waard dellein. De wet fan wa’t dellein wurdt, moat de strafskop net nimme, gie net op. Willem skoarde de 3-2.

SDS E4 – LSC E9     2-3
It begong net hielendal goed want SDS E4 kaam mei 0-3 efter. Se fochten harren werom yn de wedstriid en it waard noch oh sa spannend. De Snitsers wûnen.

Efkes Balje
Wat soe it moai wêze at der jûn wer Efkes Balle wurde kin. Om 19.30 kinne de fedetten harren wer melde.

Tas
Ien fan de wepmasters fytste juster fan Easterein nei Wommels. Yn de fierte seach hij in jonkje fytsen en wat tichter hij bijkaam wat moaier it byld waard: de tas op de rêch en it sa bekende prachtige logo fan dy fantastyske klup.
Doe’t er it jonkje ynhelje soe koe hij it net litte: “Moaie tas, hasto”.
It jonkje seach him oan en sij hoeden: “ja, dy oaren binne allegear foar Ajax”, of woe hij him ferûntskuldigje.
“Do gelokkich net, en ik ek net”. En sa fytsen as “hand in hand kameraden” fierder, dreamjend fan in kampioenskip.

SDS 4
SDS 4 spile dizze wike tsjin Oudega 2. Op de side fan Oudega stiet
in fotoalbum mei foto’s fan dizze wedstriid.

Warga Vr1 – SDS Vr1
Justerjûn binne de froulju fan Vr1 nei Wergea west. Sij ferlearen yn in sportive wedstriid mei 4-0.

Poiesz
Wij krigen noch in pear foto’s fan it Poiesz feest. Jim kinne se
hjir en hjir en hjir sjen.

Opromje
Moarn steane se wer yn it fjild te baljen bij de D’s, mar hjoed mochten se rommel yn de bermen opromje. S skoarden in pûde fol. Dat betsjut foar Wessel yn alle gefallen in  …pizza.

Harsens derby(1014)
“Toeeeeeeeeeeeeeet, toeeeeeeeeeeeeeeeeeet”!!