Weppers freed 25-9

Seleksjes 26-9
24 september 2015
Ut-en ferslaggen 26-9
25 september 2015

SDS 1 toch om 14.30
Omdat er romte yn it programma kommen is, sil SDS 1- Workum 1 toch om 14.30 spile wurde kinne.
Dus SDS 1 – Workum 1 om 14.30 oere.

Oflast
It reinde juster ôflaste wedstriden. Earst krigen wij berjocht dat SDS 4 en VR2 net trochgean koe, omdat er te min spilers oan SDS side wiene. Dêrnei kaam út Snits it berjocht dat WPB 3 net komme soe, fanwege te min spilers.
Doe kamen der wer spilers beskikber foar SDS 4 en sa kin dy wedstriid wol trochgean mei in kombinaasje fan SDS 3 en SDS 4.

Efkes Balje
Der wurdt jûn wer Efkes Balle yn Easterein. Om 19.30 oere efter de sporthal y.f.m. kans op wiete knibbels.

Efter de bar
Foar moarn kealle it wat swier om barfrijwillgers te krijen. Wy binne dan ek tige bliid dat Elger Turksma, Wiebe Heeres, Henk Eringa en Oetze Paauw dit efkes oppakke.
Liket it dy ek wol wat om ris efter de bar, lit it ús dan witte!

Fuotbalje
By de seleksjes fan moarn steane ek in hiele bult lju dy ’t net kinne. Mocht der no noch ien wêze dy ’t net by in team stiet, mar wol graach bolje wol, skilje dan efkes mei Harm-Auke (0620702345), want dy kin noch wol in spiler brûke by SDS 4.

Sokken

Nee, dit is gjin foto fan de ferkeap fan sokken. Dit is samar it rissultaat fan in wask yn in gesin mei 3 fuotbaljende bern dy’t allegear 2 kear yn de wike traine en sneons ien of soms sels twa kear fuotbalje.

SDS League
Hooplik hawwe wy moarn de earste stân. Wy sille no earst alle teams skrasse dy twa spilers fan Ajax deryn stean hawwe. Foar straf giet der ien fan Ajax der út en ien fan sc Cambuur der yn!


Alderaardichst
Mochten wy no by SDS nochris in tekoart oan fjilden krije dan is der miskien noch wol romte foar in fjild tusken it MFT en it trainingsfjild efter de sporthal.
Permalink voor ingesloten afbeelding

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir fine.