Weppers freed 25-6

SDS WK-League (nei 44 wedstriden)
24 juni 2010
Wk tuskenstân nei 48 wedstriden
25 juni 2010

SDS-webshop
Hawwe jim al efkes yn de SDS-webshop sjoen?
Dit kinne jim der allegear krije:
SDS-Tas: €33,-
SDS-Rugzak: €27,-
SDS-Trainingspak: €42,-
SDS-Polo: €21,-
SDS-Trainingsbroek kort: €18,50
SDS-Sweater: €25,-
SDS-
Midjack: €47,50
SDS-
Trainingsshirt dry-fit: €21,50
Webshop!

Spyldagenkalinder
Mochten jim dwaande wêze in fakansje te boeken of sa en wolle je rekken hâlde mei it fuotbalseizoen dan moatte je dizze
spyldagenkalinder 2010-2011 der mar efkes byhâlde. Opfallend oan de spyldagenkalinder is dat der kommend seizoen net allinnich beker/ynhaal-wykeinen binne, mar ek “vooruit te spelen wedstrijden-dagen”.

Alfêst fan herte lokwinske!
De alleskinner(útsein fytse mei losse hannen) fan SDS 4, Pieter Groenveld, wurdt moarn 38 jier. Fan herte lokwinske alfêst! Jim kinne him jûn fanôf 0.00 lokwinskje yn de feesttinte yn Easterein.

Matinee
Daliks wer it jierlijkse matinee mei de Eastereiner Feesten. Wy hawwe it matinee fan foarich jier noch efkes opsocht en wat ús opfalt is dat der doe yn Easterein al Vuvuzela’s wienen. Sjoch hjir mar ris en klik dan rjochts ûnderyn op dat fuotbaltsje. Troch de Vuvuzela’s koenen je de musyk net mear heare…….

Harsens derby (240)
Wy binne grutbrocht mei fuotbaljen en fine it de moaiste sport dy ’t der is. Yn Tsjechië tinke se der hiel oars oer. Sy fine fuotbal in sport foar mietjes:




Letter miskien mear!