Weppers freed 25-4

Weppers tongersdei 24-4
23 april 2014
Keninginnedeiweppers?
27 april 2014

D3 ferliest
D3 hat jústerjûn yn Littens fuotballe tsjin Easterlittens D3. Ien fan de ferliezende memmen neamde it “in nijsgjirrich potsje” en in winnende heit hie it oer “in triljende wedstriid”.  De útslach wie 5-4.

Efkes Balje.
Foardat de kening moarn syn jierdei fiert, binne der jûn fêst wer in stik as 8 dy’t in oerwinning op it Efkes Baljen fiere. Om healwei achten begjint it en om goed healwei njoggenen is it wer dien.

Keningsdei Geert-Engbers-skoalletoernoai
Der binne moarn dochs wat SDS’ers dy ’t efkes fuotbalje kinne. Dizze SDS’ers fuotbalje moarn namelijk op it tradisjonele Geert-Engbers-skoalletoernoai yn Easterlittens. Moarn sil dit foar it earst op Keningsdei plakfine nei al jierren op Keninginnedei plakfûn te hawwen. Jim kinne der hjir alle ynformaasje oer fine.

Gjin seleksjes en programma
De seleksjekommisje hie justerjûn en de wepmasters hawwe hjoed in makkie. Der is sneon gjin programma en dus binne der ek gjin seleksjes te pleatsen.

Blues
Nei de dei fan de kening is it snein wer de dei fan de kening fan de blues: B.J. Hegen komt wer spesjaal út syn hunebed út Drinte wei om op te treden bij Noflik. Om goed 16.00 oere, at Ajax wol/net kampioen wurden is, giet it los mei Hegen en
syn bluesfreonen út Hartwert en Boalsert.

Wer los?
In pear wiken lyn joech de Telegraaf al oan dat it net lang mear duorje soe dat it “walking football” fanút Ingelân oerwaaie soe nei Nederlân en ja sels nei Fryslân. Juster wie it sa fier. Yn de LC
in artikel oer it rinfuotbal. Dit jout nije kânsen foar tal fan hiele âlde kreks. Wij tinke dêrbij oan Geert Hiemstra, Geert Dijkstra, Wouter Tjerkstra en  Popko Wijnia. Dat binne dochs de mannen dy’t graach in eintsje rinne meie en dus de kondysje al hawwe om 90 minuten rinfuotbal te dwaan.

Harsens derby(1260)
Om ús mei Ronaldinho mei nei it WK: