Weppers freed 25-2

Seleksjes 26-2
25 februari 2011
Weppers sneon 26-2
25 februari 2011

Programma
It soe samar kinne dat der sneon fuotballe wurdt. Dan is dit it programma. De begjintiid fan SDS 5 is ús net bekend.

    útslach
9:00 SDS D1 – JV Bolsward D1  
10:00 SDS F2 –  Workum F2(oefen)  
10:30 SDS C1 – Oeverzwaluwen C1 g.n.t.
12:30 SDS 2 – Heerenveense Boys 2  
12:30 SDS DA1 – Harlingen DA2 g.n.t. 
14:30 SDS 1 – Heerenveense Boys 1  
14:30 SDS DA2 – Mulier DA2  
10:30 JV Bolsward B1 – SDS B1  
12:15 Bolswardia 2 – SDS 3  
  HJSC 3 – SDS 5  
14:30 Blauw Wit ’34 8 – SDS 6  
14:30 Annaparochie St. A1 – SDS A1  

Seleksjes 26 febrewaris
D measte senioareseleksjes foar moarn binne rûn. Jim kinne se hjir fine. De seleksje fan SDS 5 is noch altiten ûnwis en dy fan SDS DA2 stiet der no ek by.

Oanfullende ynfo seleksje 26 febrewaris
Hjir noch wat oanfuljende ynfo oangeande  SDS3: 
# Ronny is der net
# Doede al
# Bote Strikwerda is ek dizze wike de lieder en rekket op de oanwêzichheid fan elts, krektlyk as 200 persint ynset! Groetnis, Jan en Sjoerd.

C1 giet net troch
De wedstrijd van a.s. zaterdag sds c1- oeverzwaluwen c1 gaat niet door, omdat oeverzwaluwen niet genoeg spelers heeft. Deze westijd wordt later in het seizoen ingehaald. 
leiders c1.

Foarútsjen
SDS 1 spilet sneon tsjin Heerenveense Boys. Alles wat dizze ploegen meielkoar opboud hawwe kinne jim
hjir sjen.

Giet net troch
Neffens de altyd entûsjaste lieder Pieter Veenje fan Da 1 giet harren wedstriid sneon net troch. Hij hat it trochkrigen út tige betroubere bron. Nammentlik fan de wedstriidsikretaris.

Nei hûs rinne
Ceasar, de doelman fan Inter liet woansdei in skot fan Robben los, wêrtroch Bayern skoare koe. Foar straf liet hij de auto stean en rûn nei hús. Hoe fier dat wie, stiet net yn
dit berjocht. Wij tochten gelyk oan Harm Auke Dijkstra. Hij hie sein dat wannear hij in strafskop misse soe yn Menaam dat hij nei ús rinne soe. Harm mocht in strafskop nimme doe, mar miste net.

Supersnein
Snein is it wer supersnein mei allegear toppers yn de Eredivisie:
– Psv-Ajax
– Az-Twente
– Feyenoord-Grins
Sy binne snein allegear om 14.30 te sjen yn de Jimbar.

Harsens derby(412)
Dit is net in schwalbe, mar hoe neam je soks dan wol?
Mail jim suggestjes nei
info@vv-sds.nl.