Verbeek/ter Napel bij SDS

Weppers freed 25-11
25 november 2011
Utslaggen sneon 26-11
26 november 2011


De sponserkommisje fan SDS hâldt ien kear yn de twa jier in sponserjûn mei ien of mear oansprekkende gasten. It sil net sa west ha dat it kontraktearen fan Gert Jan Verbeek dien is yn de ferwachting dat AZ de koprinner wêze soe  op 24 novimber.
Dêrom wie it in bysûndere jûn want de suksesfolle trainer fan AZ wie der dan dochs mar.

Der wie in formule betocht mei de ek al tige bekende radio/tillefysje ferslachjouwer Evert ter Napel  as fragensteller. Bestjoerslid Enne Johannes Bruinsma glom fan grutskens doe’t hij de twa gasten wolkom hjitte.
Foarsitter fan SDS Douwe Durk Reitsma spruts de grôtfolle seal noch efkes ta, lei de klam op it belang fan sponsoren en freonen foar de klup en doe koe it mar los mei de fragen.
Evert ter Napel kaarte hiel wat tema’s oan.

Yn de kommende Treffer sil in wiidweidich (foto)ferslach stean en de antwurden op de fragen wat Verbeek fan de sitewaasje bij Ajax fynt, at AZ kampioen wurde kin, wat der mis is bij sc Hearrenfean, wat hij fan sport psychology fynt, at hij bûnskoach wurde wol, dat syn ambysje is ek in kear yn it bûtenlân te wurkjen, wat hij fan oefenwedstirden fynt en wat hij fan de transfer fan Berends nei AZ fynt.
Nei twa kear trije kertier en in romme blessuretiid wie in grut applaus de tank fan it publyk. Pep de Boer ferraste de twa mannen mei in blomke en in drankje. Oan de bliide blikken te sjen spuie se der beide net yn.

Der binne fansels ek foto’s makke fan dizze jûn. Dy binne hjir te sjen

Jim kinne yn alle gefallen lêze dat de ferslachjouwer fan it Friesch Dagblad him tige fermakke hat. Sjoch hjir

En at in krante wat skriuwt oer útspraken fan Verbeek dan pikke ynternet sites dat op.