Evenementen in december 2022

Weppers tongersdei 23-4
23 april 2009
Seleksjes sneon 25-4
24 april 2009

Lyts programma
Y.f.m. de skoalfakânsjes is der moarn mar in lyts programma. Allinnich SDS 1 en 2 spylje thús. Sjoch hjir foar it hiele programma. Der is noch in lytse kâns dat der troch SDS 4,5 en 6 efkes oefene wurdt. Want om 14.30 oere is der in fjild frij! Let op dus.

Gjin oefenwedstryd
Er is morgen geen oefenwedstrijd voor het 5de en 6de.
Dikke tút, Steffen.


Lêste thúswedstryd dus……
Om ’t SDS 1 moarn harren lêste thúswedstryd fan it seizoen fuotballet is der nei de tiid in stikje musyk yn de kantine. De ús wol bekende Jan Nota sil foar ús optrede. Wy kinne jim no al sizze dat dizze Fryske troubadour tige de muoite wurdich is om te sjen en te belústerjen. Syn reportoire is de muoite wurdich. Kom allegear dus!

Jan Nota mei syn gitaar.

Seleksjes
Om ’t SDS 4, 5 en 6 frij binne, kinne jim hjir letter hjoed allinnich de seleksjes fan SDS 1, 2 en 3 fine (en miskien dy fan A1). It hinget fan Jan ôf hoe let de seleksjes derop meie.

Swimbad iepen
Fansels is it tige spitich foar de jeugd dy ’t net op fakansje giet dat der moarn net fuotballe wurdt. No hawwe sy ien gelokje, want sy kinne dan wol yn Wommels nei it swimbad. Moarn wurdt it swimseizoen om 12.00 feestelijk iepene. In grut foardiel fan it swimbad is dat je der ek hearlik fuotbalje kinne op in hearlike gêrsmatte.

Ferkeard ynsmite
Ek by de senioaren wurdt der noch wolris ferkeard ynsmiten troch spilers. Sels yn de Premier League bard dit. Supporters hawwe dan al gau de gek mei je: