Weppers freed 24-2

SDS League: Klaas en Tsjipke pakke wykpriis!
23 februari 2012
Útslagen sneon 25-2
24 februari 2012

Jierdeis
Wij moatte noch twa jierdeis melde oars reitsje wij efterop. Kent van der Schaar is juster 11 wurden en Tseard Verbeek hjoed 19. Noch fan herte lokwinske.

Live-ferslach Be Quick Dokkum 1 – SDS 1
Fan Lammert Brouwer krigen wy it folgende troch:

Komende zaterdag doen wij (RTVNOF) rechtstreeks verslag van de

competitiewedstrijd tussen Be Quick en SDS. Via onze lifestream zijn wij voor geïnteresseerden van jullie vereniging rechtstreeks te volgen op Internet. Bezoek daarvoor onze website www.rtvnof.nl en kies daar de optie: luister live (rechtsboven).

mvg

Lammert Brouwer. (Verslaggever RTVNOF)

Oflast (1)
De wedstriid B1 foar sneon is al ôflast. VVI/ Renado hat te min spilers en de wedstriid is troch skood nei 28 april.

Oflast (2)
SDS A1 moast it opnimme tsjin Mulier A1. Ek dy wedstriid giet net troch. Reden te min spilers bij Mulier.

Seleksjes
Sjoch hjir foar de seleksjes fan moarn.

Oar sjurt

Snein docht hij net mei tsjin PSV, mar de wike dêrnei krijt hij fan Koeman in oar sjurt oan.

Ajax-emoasje
Justerjûn om 21.00 oere twa nijsgjirrige potsjes op de tv. Wat geane je dan sjen yn de kantine? It “kânsleaze” Ajax of de ferûnderstelde spannende striid fan AZ yn Belgie.
Nei de 1-0 efterstân fan Ajax waard der frege om mar oer te skeakeljen nei AZ. “Dêr bin ik it net mij iens, der sit hjir gjin echte AZ supporter en der is hjir wol ien echte Ajax oanhinger” wêrbij hij nei him sels wiisde, want hij hie it Ajax sjurt oan.

Napoli!
Hawwe jim fan ‘e wike ek sa genoten fan Napoli en syn tifosi? Wy wol en wy wienen net de ienigen (klik hjir).

Goeie kant
Bauke en Pieter de Boer hawwe ôfrûne wykein wer harren jierlijkse uitje hân. Sy gienen “efkes” nei Barcelona-Valencia. Dat wie fansels de muoite wurdich. Sy seagen in skitterende wedstryd. De moaiste goal fan de wedstryd foel krekt foar harren tillefoan (klik hjir).

Harsens derby(696)
Mei sa ’n keeper op goal hienen wy dizze penalty miskien ek noch wol makke: