SDS League: Klaas en Tsjipke pakke wykpriis!

Seleksjes sneon 25-2
23 februari 2012
Weppers freed 24-2
24 februari 2012

Wy hawwe dizze wike 2 wykpriiswinners. Klaas Dijkstra mei “de Houten Klazen” en Tsjipke Okkema mei “FC Rikkert” hawwe beide 43 punten en dat is ien puntsje mear as “de Útgliders” fan Johan de Graaf. Klaas Dijkstra pakt net allinnich de wykpriis, mar ek noch de kopposysje. Dizze mei der diele mei in oare Okkema namelijk Durk mei “Gjin DWOkte”.

Klaas en Tsjipke pakke de wykpriis

Opfallend oan de wykpriis en kopposysje fan Klaas Dijkstra is dat hy fuotballet mei itselde team as foar de winterstop.

“Torpedo Toering” fan Jaap sakket dan wol fan it 7e nei it 21e plak, mar dochs is Jaap bliid. Hy nimt dochs wer 3 punten ôfstân fan Sjoerd van Beem mei “Aan de kant ik moet naar ’t Stadion”. Dit kin Sjoerd wol wer ris in kratsje bier kosten gean.

Ûnderoan stiet ek dizze wike noch “Meastal Boppe-oan” fan Dooitze Nauta. Hy hat al konkurrinsje krigen fan Syb Overal. “Syb” probearet it yn de twadde helte fan de SDS League mei itselde team as yn de earste helte, mar hat dizze wike gjin gelok en pakte mar 2 punten. Sa pakte Moisander(AZ) read, Sno(RKC) wie skorst, Sneijder(UTR) pakt gjin punt en Sigthorsson(AJA) is noch blesseard. Dan giet it net hurd. Syb stiet noch krekt ien puntsje boppe Dooitze.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.