Weppers freed 23-3

SDS League: "Sytycops" bliuwe oan kop!
22 maart 2012
Seleksjes 24-3
22 maart 2012

Seleksjes
De seleksjes fan alle seniorealvetallen binne letter hjoed te finen op dizze side.

Programma
It programma fan sneon is
hjir te finen.

Jierdei
Lieuwe Meijer en Redmer Stegenga binne hjoed jierdei. Tegearre wurde se 50 mar Redmer is noch mar 7. Lokwinske beide!

SDS1 – Broekster Boys 1

VoetbalNoord seach foarút en werom op dizze wedstriid dy’t sneon om 14.30 yn Easterein spile wurdt. Sjoch
hjir.

234

Klik op it plaatsje om de prachtige doelpuntensifers fan Messi te besjen(bron AD). Klik hjir om se allegear te besjen.

Betterskip!
Sa as it no liket sil ik moandei 26 maart opereare wurde yn Damme (Dutslân).
Wat is der oan de hân? Meastentiids giet it jo wol foar de wyn, soms ha jo ek wolris yn de wyn. Dit lêste ha ik ûnderfûn mei myn sûnnens.
De ôfrune tiid ha ik ferskate undersiken han yn it sikenhûs yn Snits en letter yn Grins. Hjir die bliken dat ik in goedaardiche bottumor ha oan myn boppeskonk yn myn heupkom. Dit sil der wei moatte.Yn it UMCG yn Grins binne de wachttyden lang er dertroch ha ik besleten om my yn Damme opereare te litten troch in Nederlanske sjirurch. Hjirtroch sille myn wurksumheden foar SDS wat op in leger pitsje komme te stean.
Groetnis
Douwe D Reitsma
Foarsitter SDS

Harsens derby (717)
Spesjaal foar Douwe Dirk dit filmke. Laitsjen is ek goed foar de búkspieren en dy kin hy wol brûke de kommende wiken: