Weppers freed 23-11

Weppers tongersdei 22-11
21 november 2012
Seleksjes 24-11
22 november 2012

Programma
It is sneon ynheljen. Oan it programma te sjen is der bij SDS flink wat yn te heljen. It folsleine programma kinne jim
hjir sjen.

Efkes Balje
Wij hope dat de blessures oer binne fan de fêste Efkes Ballers, dat der  jûn gjin oare SDS aktiviteit is en Pieter syn gitaar stean lit dan soene wij ferwachtsje kinne dat it jûn om 19.30 oere wer lekker drok wurdt op it Efkes Baljen fjild.

Alde doaze
Wij grave mar fierder en komme ek no wer in nijsgjirrige artikel út 1987 tsjin. Sjoch
hjir

SDS 5
Wij skatte yn dat SDS 5 sneontemiddei om 14.30 oere op it haadfjild spilet. Wij heare it al foar ús it liet dat klinkt at de beide ploegen it fjild op komme. Op spesjaal fersyk fan Ype sil dat dan wurde One Way Wind.

Noch in Sinterklaas kado?
SDS hat noch wol wat of foarrie.
It trainingspak, tas, polo of in moaie sweater.
Freegje wat der op foarrie is.
Skilje 332500 DDR

VR1
Sneon wiene de froulju fan SDS yn Dronryp om dêr de pleatselike favoriten fan Tsjalling Sikma te bestriden. In ferslach fan dat barren kinne jim
hjir lêze.

Foeilelijke sjurts
Yn 2010 hawwe wij op syk west nei sjurts dy’t net om oan te sjen binne.
Jimme kinne
de measten nochris besjen.

Keeper of Cooper?
Ôfrûne tiisdei koe Marco Hoekstra SDS 2 en 3 gjin trainen jaan, dus naam Anne Stenekes it fan him oer. De mannen seagen al efkes nuver te sjen doe ’t sy tiisdei lyk begjinne mochten mei in Cooper-test. Juster waard dúdlik dat der in “misferstân” west wie. Marco hie tsjin Anne sein: “yn elts gefal moat de keeper testen wurde”. Anne ferstie; “yn elts gefal moat der Cooper-testen wurde………….”

Harsens derby(896)
Wat dogge je as Andre Rieu yn de Arena spilet? Je kaugum heech hâlde fansels: