Weppers freed 23-1

Weppers tongersdei 22-1
22 januari 2009
Weppers sneon 24-1
24 januari 2009

Keuren fjild
It fjild yn Easterein wurdt moarn om 8.30 keurd. Dit y.f.m. de Kick-Off fan de jeugd. It is goed mooglik dat der moarn wedstriden ôflast wurde y.f.m. de bulte wetter dy ’t fallen is. Wat seker trochgiet is de Kick-Off foar de jeugd. Mooglik wurdt it programma wat oanpast en wurde der b.f. inkele attraksjes ferpleatst nei de kantine. De Skoalleseize sil efentueel moarntemoarn yn oerlis mei de organisaasje fan de Kick-Off oplosse.

Seleksjes sneon 24-1
Fan Durk Okkema krigen wij in net te grut oersicht fan de seleksjes fan sneon. Lit ús mar sizze dat it allegear wer efkes op gong komme moat.
Earste: de hiele A-seleksje útsein Robert(blesseard)
Twadde: Op reis
Tredde: Bauke,Geert, Gerrit, Pieter, Stefan, Ralph, Sjoerd, Anco, Hendrik, Andrew, Arjen, Sjoerd, Bote, Ronny.
Fjirde: Ids, Pytrik, Gerlof, John, Chris, Jelte, Erwin, Lieuwe, Rudy, Bas, Frans P., Pieter L..
Fiifde: Gjin idee.

Programma en ôflast sneon 24 jannewaris
Sneon meie de earste teams fan SDS wer los foar de kompetysje, mar inkelde wedstriden binne ek al ôflast:

24-01-2009 14:30 SDS 5 – Blauw Wit ’34 8
24-01-2009 12:45 SDS DAJ  – Tzum DA1 ôflast
24-01-2009 12:45 Walde De 2 – SDS 4 ôflast
24-01-2009 11:15 Akkrum C2 – SDS C2 ôflast
24-01-2009 14:30 Blauw Wit ’34 DA2 – SDS DA1

Oefenje (1)
SDS 1 oefent sneon om 16.00 yn Snits tsjin Makkum 1. SDS 1 fertrekt om 14.45 út Easterein. Wa ’t in auto hat wurdt fersocht om dizze mei te nimmen.

Oefenje (2)
SDS 3 oefent moarn om 14.00 út tsjin Nijland. Sy fertrekke om 13.00. De seleksje kinne jim boppe-oan dizze side besjen.

Harlingen A1 – SDS A1
A1 sil sneon oefenje tsjin Harlingen. Klaas joech ús it folgende troch.
Der wêze: 9.55!
Fuort: 10.00
Spylje: 11.00
Seleksje: Harm Jan, Jelte Pieter, Albert, Elger, Peter, Ewout, Wytze, Freek, Jarco, Doede, Arjen, Bauke Jan, Jacob, Andries, Ronald
Jort (giet mei, mar spilet net, traint wol wer, mar noch net hielendal fit), Lody en Tamme
Net:
Remco (staasje om it wykein)
Klaas (útwaaie tegearre)

Oanpast
Fanôf 26 jannewaris binne de traingstiden fan SDS A1 wat oanpast. Dit binne de nije tiden:
Moandeis fan 20:30 21:45
Woansdeis fan 20:30 21:45

Gjin trainer
De froulju moasten it woansdei sûnder trainer dwaan. Mar gelokkich wie Lody yn de buurt, want hij trainde de A’s. “Ga eerst maar eens 35 minuten draven” sa sei hij. Dat waarden der 3 en doe’t de froulju oan de gong wiene mei wat standert oefeningen grypte Lody ek al yn: “Ophouden dames, doe je maar met een trainer. 5 tegen 5 partijtje is veel beter”. En sa hiene de froulju in leuke training.

It twadde op stap
Grutte kâns dat Tamme de Boer sneontejûn allegear SDS-ers sjocht. Want it twadde sil in besite bringe oan syn
Hajé Flyers. 

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie rint noch in dikke wike. Dochs hawwe wy mar fêst it formulier foar de SDS League klearmakke (en ek alwer in pear kear oanpast). Wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik
hjir om alles oer de nije SDS League te finen.

Ôflast
By SC Cambuur hienen sy better dat kuenstgers hâlde kinnen. Dan bard soks ek net(klik
hjir).

Paspoortkwis
Op de webside fan de VI stiet wer in alderaardichste kwis. Ferskeidene SDS’ers hawwe him al efkes probeare. Jaap Toering witst ien net en Dirk de Jong miste der fjouwer. Dit is beide tige knap. Wy binne benijd as jim der ek sa ’n soad witte (klik
hjir).

Feyenoord
Scannen0002

Fan de skeids(3)
Dizze skiedsrjochter hat de kop der net hielendal by. Sjoch mar ris nei 1 minút: