Weppers freed 22-8

Weppers tongersdei 21-8
21 augustus 2008
Seleksjes sneon 23-8
22 augustus 2008

Seleksjes sneon
Fannemiddei hjir de seleksjes fan it 1e, 2e en it 4e foar moarn.

Derby
De famkes fan SDS spylje moarn wer in derby. Sy spylje om 16.30 thús tsjin Easterlittens.

Grinsrjochter(s) socht!

Noch altiten hawwe de froulju fan SDS net in grinsrjochter. Sy wolle mar wat graach ien of twa(om en om) hawwe. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

Famkesfuotbal

De famkes fan SDS kinne noch wol wat spylsters brûke. Wa ’t it wat liket kin op tiisdeitejûn 19.00 oere is op in training sjen of in pear kear meidwaan om te sjen as it wat is. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik
hjir).

Noch mear socht
Foar de measte jeugdteams binne leiders en trainers fûn. Inkelde facatures binne noch frij. Dat binne de folgende:

  • leiders foar de C2
  • trainers foar de C2 (tiisdei en tongersdei fan 18.00 – 19.00 oere)
  • trainers foar de D2 (tiisdei en tongersdei fan 18.00 – 19.00 oere)
  • trainers foar de E2 (moandei en woansdei fan 17.30 – 18.30 oere)(mooglik al ynfuld)
Foar ynformaasje kin kontakt socht wurde mei Ab (332604) of mei Anco (06-55841317).

Marten Syszeling-toernoai
Jierren waard der foar de E- en F-jeugd it Marten Syszelingtoernoai organiseare. Spitich genôch hâldt Marten Syzseling op mei it sponserjen fan dit toernoai. Wy wolle him hjirby bedanke foar it jierrenlange steunen fan dit toernoai.

Sa stiif(2)
Hjir de reaksje fan fersoarger Dooitze Nauta op in wepper fan juster:
Dooitze Nauta
,  stiet yn ’t foarste plak klear foar SDS 1, en kin der fierders ek neat oan dwaan dat de oare manlju fan de staf nea belangstelling krije fan froulju.
Mar hawar it froulju alvetal hat grif in vacature foar in fersoarger. René as Gert Jan solliciteare dan mar.
Dooitze

Kreas
Yn Nederlân tochten wy altiten dat Gretar Steinsson fan AZ allinnich skoppe koe. Ien kear yn Ingelân blykt der folle mear te kinnen…………




Letter mear!