Weppers freed 22-5

Weppers tongersdei 21-5
20 mei 2009
Utslaggen sneon 23-5
22 mei 2009

Seleksjes
Sneon spylje  SDS 4, 5 en 6 thús. De seleksjes sille mooglik hjoed noch bekend makke wurde. Oars soene wij sizze, hâld de tillefoan yn de gaten.

Programma
Wij kinne ús foarstelle dat hiel Easterein en in diel fan Wommels fannemiddei bij it haadklassekeatsen sjogge yn Easterein. Dat se dêrnei ek noch bij Special Treatment hingje bliuwe, hat dan wierskynlik ta gefolch dat se letter hjoed net mear op de side sjogge nei it programma fan sneon. Dêrom hjir ûnder al fêst it programma fan moarn.

    útslach
12:30 SDS 4 – Walde De 2   
14:30 SDS 5 – WWS 3  
12:50 SDS 6  – Franeker SC 8  
11:10 SDS B1 – Minnertsga B1  
9:00 SDS D1 – Oosterlittens D4  
9:00 SDS E2 – Franeker SC E3  
10:00 SDS F2 – SneekWit-Z F3  
10:00 SDS F4 – Rood Geel F5  
12:30 ONS  DA3  – SDS DA1  
12:30 JV Bolsward D4M – SDS D2  
11:30 LSC 1890 E4 – SDS E1  
13:30 LSC 1890 E6 – SDS E3  
10:00 Franeker SC F2 – SDS F1  

Arnoud
It wie al min of mear bekind mar juster makke haadklasser sc Joure
bekend hokker spilers takem jier komme. Tropyske nammen as Chirino en Celevani falle op neist de namme Koster. Opfallend is de namme fan Roosenburg.

Blessures
Dooitze Nauta tipte ús oer dizze webside oer fuotbalblessures(klik hjir).

Pré WK 20-05-2009
Woelig, warm en wasaki binne tink ik de wurden hoe we it lêste Pré-WK kinne beskriuwe. In goeie setup yn de foarm fan 5-5 beloafde op foar hân in goed WK.
Nei in fantieke start wiene dit de punten die ut measte opfoelen dizze edysje:
– Kondysje problemen bij alle spilers. De warmte spilet har parten, folgende jier sil der dan ek as tarieding trained wurre yn Mexico stad
– Jacob Klaas: “Ik gean yn de spits” => betekent eigenlijk “Ik bin wurrich” => wat foar it team betekent “We binne mei in man minder en kinne net mear scoren”
– Erik hat sin oan in Raket
– A.F. de B. die alles goed mar de foutten woene net
– Eeltje: “Ik gean wol lêste man”
– Henk: “Je mutte ek mear wetter drinke oerdeis”
– It earste slachtoffer fan it WK is Mark syn trui
It wie in moaie pot wer Team Erik, Mark, Eeltje, Arjan en Hjalmar krekt oan it langste ein lutsen bij de winnende goal. De winnende goal floeide foart ût in
magistrale panna fan Arjan bij undergetekende. In dik fertsjinne panna  want Arjan wie ek de man of the match. (Red.: Dat hiene jimme net tocht dat ik dit derop soe sette!)
It folgende Pré WK sil wer plak fyne op folgende wike wansdei. De dagen foar it WK wurre warskynlyk de wansdeis en freeds, set it alfêst yn jimme agenda.
Namens de WK Bestjoer,
Alg. Dir. H.K. Engbrenghof

VI-kwis
Op de webside fan de VI stiet hjoed in spesjale UEFA-cupkwis. It sil ús benije as Gearard Posthumus hjir ek alle antwurden fan wit(klik hjir).

Aardich
Ajax hat belangstelling foar Danijel Aleksic fan FK Vojvodina. Wy hawwe ús bronnen efkes raadpleegd en komme tot de konklúsje dat dit net sa’n gekke fuotballer is: