Weppers freed 22-11-2019

Weppers tongersdei 21-11-2019
21 november 2019
Sneon 23-11-2019
22 november 2019

Trainers-leidersgearkomst woansdei 27 novimber

Hoe wurdt in Mulder in Mourinho? Of in Hiemstra in Hiddink? Of in Wiersma in Wiegman?
Kom foar dat antwurd nei de trainers-liedergearkomst!
Woansdei 27 novimber om 19.30!
Abe de Boer nimt us, yn in ynlieding mei yn de wrald fan pillonen, fjildferdieling, strakke planning en mear!
Fierder sille we mei elkoar sjen hoe we mekoar understeune kinne, hoe we tot lykwichtige teams komme en sjogge we fêst foarút nei de foarjierskompetysje!

Kin SDS 1 de koprinner oan?

Sneon in moai affysje: SDS 1 tsjin SWZ Boso Sneek 1 (in hiele mûle fol).  At SDS 1 de stap nei it lofterrychje meitsje wol dan soe in moai resultaat tsjin de koprinner dêr goed oan meiwurkje. De Snitsers hawwe ien kear gelyk spile en hawwe ek mar ien kear ferlern. SDS 1 sil fertrouwen putten hawwe út de “gala”foarstelling fan de bekerwedstriid tsjin Rottevalle. Koach Douwe kin in kar meitsje út dizze seleksje: Jaap, Erik, Frank, Gerwin, Jacob-Klaas, Lourens, Luuk, Marco, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven en Wiebe.
Sy wurde om 13.15 oere yn de kantine ferwachte.

Kinne de froulju fan SDS VR1 ek Scharnegoutum VR 1 mei lege hannen weromstjoere?

Mei 50 doelpunten yn 7 wedstriden is SDS VR1 de meast produktive ploech yn harren kompetysje. Se steane dan ek boppeoan. Dat wolle se graach se hâlde en mooglik wurdt Scharnegoutum VR1 komme sneon it folgjende slachtoffer. Om 12.15 kinne jim it sjen yn Easterein. De seleksje dy’t om 11.00 oere present is: Alissa, Esther, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette en Sietske.

Kin SDS 2 de punten thúshâlde?

SDS 2 mei sneon (12.00 oere) ek thús en docht dat tsjin ONT 2. Dy mannen út de Pein hawwe 10 punten en SDS 2 hat der 13. Koach Okke hopet wer op in soad publyk en kin kieze út dizze seleksje: Sjoerd W, Bauke, Habtamu, Hendrik, Arjen, Dirk, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Tjeerd, Wesley en Wietze. Graach 11.00 oere oanwêzich.

Is der fermaak foar SDS 3?

Al wer in frije sneon foar SDS 3 en wij hoopje dat de mannen fan koach Boudewijn dêr goed mei oangean kinne. Wurdt it Sinterklaas of DJ Jan-Bouke?

SDS 4 komt tekoart……

Yn de kompetysje fan SDS 4 spilet Scharnegoutum 4 de haadrol mar sit SDS 2 ticht tsjin de subtop oan. Sneon soenen sy nei de Hommerts moatte om tsjin HJSC 2 te baljen. Spitich genôch binne der in bult heiten dy ’t nei de yntocht fan Sinterklaas moatte en net fuotbalje kinne. Sinterklaas kin hjirnei de beam yn, want de wedstriid wurdt ynhelle op woansdei 4 desimber om 19.45 oer yn de Hommerts.

Hat SDS 5 in makkie?

Nea de tsjinstanner ûnderskatte sil de lieder fan SDS 5 ek dizze kear fan te foaren sizze.  De grutske koprinner moat it om 14.30 oere thús tsjin it treasteleas ûnderoan steande Tzummarum fuotbalje. Sij wiene noch mar 4 kear aktyf dizze kompetysje en hawwe ek 4 kear skoard. Mei 25 doelpunten tsjin lykje der wol kânsen te lizzen foar SDS 5 dat gemiddeld hast 4 kear skoarde. De seleksje dy’t it ûnderskattingsgefaar de baas wurde moat: Harm Auke, Harm, Auke, Douwe Doede, Feite, Gert-Jan, Jan Simon, Klaas, Robert, Syb, Tjeerd, Tjipke en Wichard.

SDS JO19-1 op nei Skylge

De mannen fan JO19-1 sille dit wykein nei Skylge om tsjin ST. Terschelling/AVV JO19-1 te fuotbaljen. Sy bliuwe ek noch in nachtje op it eilân sliepen. Utsein sy de boat yngean fansels……….

Okke einekroas

De trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp,  is wiis mei de ballen en soarget der dan ek altiten foar dat der nei de training wer likefolle ballen hat as foar it trainen. Under de ôfslútende partij siket hy dan de ballen út de strúken, feart, lân en somtiden út in beam. Juster kaam der by it de training fan SDS 2 mar net in ein oan de ôfslútende partij. Okke wie nergens te bekennen……… It die bliken dat Okke útglide wie op it plankje oer de feart en mei twa fuotten yn de feart stie…….

Mei syn allen nei sc Heerenveen!

Jim kinne noch altiten foar €10,- op freed 29 novimber nei sc Heerenveen- Vitesse. De wedstriid begjint om 20.00 oere. Wachtsje net te lang, want it kin samar sa wêze dat sc Heerenveen nei dit wykein boppe PSV stiet en dan giet it mâl mei de foarfgerkeap fansels!
Klik hjir om je ek oan te melden. Neidat je je registreard hawwe kinne je op ‘e nij ynlogge om de kaarten te keapjen.

Harsens derby (2181)

‘Tikkie werom, Jaap!