Weppers tongersdei 21-11-2019

SDS – Sneek yn it ferline
19 november 2019
Weppers freed 22-11-2019
22 november 2019

SDS seal – NTW 1

It moat justerjûn in spannend potsje west ha yn sporthal de Greidhoeke. De einskoare fan 4-5 sil foar SDS wat teloarstellend wêze.

Ferslach QVC VR 1 – SDS VR 1

50e goal en alle 7 wedstriiden wûn!
It is alwer wat let mei it ferslach mar ik ha ‘m toch noch skreaun want wy ha sneon ús fyftichste goal makke!
Wy mochten sneon helemaal nei Starum ta. De dames fan QVC wien de tsjinstanner. Foarich jier net tsjin se fuotballe mar de jierren derfoar wol, soms in lestige tsjinstanner. 1 belangryk persoan foar ús wie der net. Ús koach Akke Rixt wie in wiekein foart. Derom ha Tarina, Bauke en Lysanne dat fan har oernom.

We wien moai optiid yn Starum. Earst noch wat ûndúdlikheid oer it fjild en de tiid wer we spylje moasten mar úteinlik is de wedstriid gewoan om 2 oere los gong. QVC sette drekt druk mar SDS ek. Mei in moaie opbou skoare we alwer binnen 10 minuten. Femke set de bal foar op Jeska en sy wit ‘m der wer prachtich yn te tikje. Nei 30 minuten fuotbalje wie der op beide helten spyle. Soms kaam QVC gefaarlik op it goal ôf mar dit waard goed oplost troch ús ferdediging. QVC komt net tot skoaren ta. Ek spylje wy soad op hun helt en wy prebearje ek wer te skoaren. Dit lukt: Seriette spylet in spyler foarby en skoart! 0-2 in lytse opluchting. In pear minuten letter binne wy wer op hun helt en gean wer richting it goal. Seriette spylet de bal nei Jeska en Jeska spylet de bal troch nei Femke dy’t fan de linkerkant nei it midden draaft en skoart. 0-3 is dan ek de ruststân. Helaas krekt foar rust rekket Femke blesseerd. Se krijt it neitraap yn har knibbel en kin de wedstriid net fjirder spylje.

De rust is west en QVC is dernei skerp. Se binne it earste kertier ek better as ús en skoaren dan ek, 1-3. Hjirtroch wurd SDS wer wekker en Jeska krijt dan in goeie kâns dy’t se goed benut. Se komt allinich op de keeper ôf en kin har dan foarby spylje. 1-4 en dit hie SDS wol wer even nedich. We pakke it wer op en binne wer better yn de wedstriid. In super opbou komt dernei fan Hester, Jeska en Seriette. Hester spylet de bal strak nei Jeska, Jeska rint richting it goal. It lyket dat se self sjitte sil mar spylet de bal langs it goal nei Seriette dy’t frij stjit om te skoaren. En snel dernei wurd der wer skoard. Kirsten spylet de bal nei Hester en Hester is helemaal frij om nei de keeper/goal te draven. Sy skoart ek en makket dertroch ús 50e goal dit kompetysjeseizoen! Super trots! Yn de letste minuten skoart QVC noch in goal. De einstân is dan 2-6.
Werom yn de boks sjogge wy dat GAVC en Aldegea beide 0-0 spyle ha. Super bliid want no stean wy 5 punten los op nummer 2! Mei dit goeie gefoel en de trije punten gean wy trots werom nei Easterein.
Oankommende sneon ha wy thús in wedstriid tsjin Skearnegoutum. De wedstriid begjint om 12.15 oere. Natuerlik is iederien wer fan harte wolkom om ús oan te moedigje!

Lysanne

Wedstriidsponsoren

Kommende sneon de wedstriid SDS 1 tsjin koprinner Sneek WitZwart zm 1. Om 14.30 sil de ôftraap wêze mei. Foar dizze wedstriid binne ek wer twa sponsoren, wêr’t wij tige bliid mei binne

Tuskenstanden

Hoe’t der foar stiet mei alle SDS teams kinne jim hjir sjen.

 

Letter miskien noch wol mear