Weppers freed 21-9-2018

Nij team der bij: JO-10
20 september 2018
Sneon 22-9-2018
21 september 2018

SDS 1 begjint wer yn Koudum

Krekt as ferline jier begjint SDS 1 de kompetysje wer yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen 1. Yn dy wedstriid skoarde Lourens twa kear en wie de einstân 2-1.
Dizze seleksje sil it dwaan moatte sneon:

12.30 aanwezig
12.45 bespreking
13.00 vertrek

1 Jaap
2 Gerwin
3 Erik
4 Marco©
5 Remco
6 Ewout
7 Matthijs
8 Wiebe
9 Habtamu
10 Pieter
11 Lourens
12 Jacob-Klaas
13 Bauke
14 Frank

SDS 2 tsjin Leovardia

SDS 2 liket in drege sezoensiepening te hawwen. Thús tsjin Leovardia om 14.30 oere is in flinke klus. Of begjint trainer Okke van der Kamp gelyk mei in oerwinning?
De seleksje: Marten, Hendrik, Jurjen, Jort, Feite, Jesse, Jorrit, Lieuwe, Anne, Dirk, Watze, Yward, Arjen, Niels, Wiebe

Is de routine fan SDS 3 genôch?

Lions 4 is de tsjinstanner fan SDS 3. Net oan de beker meidien, net oefene, net traind (de measten) , dan is 90 minuten fuotbal miskien wol in hiel lang skoft. Of soe de routine en de yndividuele klasse genôch wêze om trije punten mei te nimmen nei Easterein. Dizze seleksje fan 16 man  sil om 11.45 oan de wedstriid begjinne:

Gert Jan, Henk, Klaas, Doede Douwe, Peter, Tjeerd, Anco, Jan Simon, Pieter Lieuwe, Gerlof, Dirk Yde, Jentsje, Ronny, Jeroen, Harm D, Robert, Daan (de assistint fan de skiedsrjochter)

SDS 4 hat wat rjocht te setten

Se woene oerwinterje yn de beker, dat slagge krekt net. De kompetysje goed begjinne dêr dreame se fan: SDS 4 nimt it thús op om 14.30 oere tsjin Oudega 2. De seleksje: Peter, Haye, Gertjan, Steffen, Johannes, Hallema, igor, Allert, Jorrit, Wouter Jan, Jelmer P, Doede S, Thomas

SDS VR1 net thús en ek net út

Om 12.30 oere soe  SDS VR1 in thúswedstriid spylje tsjin St Annaparochie VR2.  Soe, want de wedstriid is útsteld fanwege personiele tekoarten bij SDS

Efkes Balje

It Efkes Baljen is hjoed foar it earst wer yn Easterein. Om 19.30 oere

Doelpuntenmakkers

Wij freegje mei klam oan de lieders fan de seniorenalvetallen om de doelpuntenmakkers nei de wedstriid gelyk troch te jaan. Dat kin fia Whatsapp op 06-55117582

Trainers- en liedersgearkomst

Op tongersdei 4 oktober is  de trainers- liedersgearkomst fan de jeugdstema. It begjint kykas altyd om 19.30 oere

3180 sjalen


In moaie samling sjalen seagen wij op ynternet. At it echt kâld wurdt kin dizze Jelmer de hiele buert fan in moaie fuotbalsjaal fersjen. Mar leafst 3180 ferskillende, wêrfan 615 út Nederlân. Dy fan SDS mist noch, hawwe wij al sjoen.