Weppers freed 21-12

Weppers tongersdei 20-12
19 december 2012
Weppers sneon 22-12
22 december 2012

Krystbuorrel
Justerjûn wie der gelegenheid om in krystbuorrel te drinken yn de kantine as ôfslúter fan it SDS jier 2012. En sa’t de bedoeling wie, der waard kletst en swetst, der waard weromsjoen en foarútsjoen, it spul fan Feyenoord waard analyseard, it Fean wie ûnderwerp fan petear, der waarden jachtôfspraken (op Faunabehear) makke, der waard ien nommen, no toe dan mar, der waard noch ien nommen en de “Jan Mulders” seagen Ajax winnen.

Us wrâld fergie al earder
Hjoed soe de wrâld best wolris fergean kinne. De âlderen ûnder ús hawwe alris meimakke dat de wrâld echt fergie. Dat is hjoed krekt 29 jier lyn. 21 desimber 1983 barde der
dit wêrtroch Oranje net nei it EK 1984 mocht.

Alde doaze
De âlde doaze tovert dizze kear iets út in skrift nei boppen. Neffens ús komt dit út it skrift fan Minne Bonnema. Hij wie doe lieder fan A1 en dêr sieten doe in oantal echte stjerren yn at wij de namme sa sjogge. Sjoch
hjir.

Sneon
Der stiet klaverjassen op it programma foar sneon. Om 13.30 kin der striden wurde om moaie prizen. Allegear komme. Yn de kantine fan SDS.

Serious Request (1)
De heiten fan de jeugdleden fan SDSers Robin, Luka, Benthe, Nykele Pieter en Jorrit spylje yn Voskovs Grodzemods. Dat klinkt as in fuotbalklup út in Russyske steat, mar dat is in muzykband. Sij wolle in bijdrage leverje oan Serious Request. Sjoch
hjir

Serious Request (2)
Hjoed binne der ek Serious Request aktiviteiten yn Easterein. Sjoch
hjir.

Harsens derby(917)
De SDS-froulju sille jûn efkes oefenje op de”Falcao”. Der binne al manlju dy ’t it ûnder de knibbel krigen hawwe: